Woffer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Woffer
Jonge Woffer
taksonomy
Klasse: Aves (fûgels)
Skift: Eiberteftigen (Ciconiiformes)
Famylje: Reagerfûgels (Ardeidae)
soarte
Ixobrychus minutus

De Woffer (Ixobrychus minutus) is in fûgel út de famylje fan de reagerfûgels. Hoewol de Woffer earder gereldwei yn Fryslân ta brieden kaam, is it tsjintwurdich benammen troch it ferdwinen fan de biotoop in seldsume ferskining.

Fryske nammen[bewurkje seksje | edit source]

De Woffer wurdt ek wol de Lytse Reiddomp neamd.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Woffer is mei syn heechút 40 sm lingte en spanwiidte fan 40-58 sm, de lytste hjir foarkommende reagersoart. Se hawwe in koarte nekke. It mantsje hat in swarte rêch, swarte flerken mei yn it midden in grut wyt fjouwerkant. It wyfke is wat bruner, sawol op de rêch as op de flerken, mei in ljochtbrún fjouwerkant ynsté fan wyt. De jongen fan de Woffer hawwe ynearsten in brún/wyt skutkleed. (sjoch foto)

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

De Woffer hat in foarkar foar sompige reidfjilden, by foarkar mei in fariaasje yn de vegetaasje: reid, oare wetterminnende planten en beamme-opslach dêr't er maklik en beskûle oan syn miel fan ynsekten, fiskjes, kikkerts en salamanders komme kin.

Spesifyk gedrach[bewurkje seksje | edit source]

De Woffer klauteret en klimt troch de reidfjilden. It mantsje makket (benammen) yn de maaitiid in blaffend lûd, dêr't er sûnder mis syn Fryske namme oan te tankjen hat.

Undersoarten[bewurkje seksje | edit source]

Der binne 4 ûndersoarten:

  • Ixobrychus minutus minutus (Linnaeus, 1766). Europa, Asië, Noard-Afrika (trekker).
  • Ixobrychus minutus payesii (Hartlaub, 1858). Saharagebiet, Afrika (standfûgel).
  • Ixobrychus minutus podiceps (Bonaparte, 1855). Madagaskar, (standfûgel).
  • Ixobrychus minutus dubius (Matthews, 1912). Australië, Nij Ginea, (standfûgel).

Ek de útstoarne Nij Seelânske Woffer (Ixobrychus novaezelandiae) waard earder beskôge as in ûndersoart fan de Woffer.