Wite Wetterleelje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
wite wetterleelje

De wite wetterleelje (Nymphaea alba) is in algemien foarkommende wetterplant mei driuwende blêden. De wite wetterleelje groeit yn stilsteand en swak streamend wetter mei in djipte fan maksimaal 3 m. De plant kin ridlik goed tsjin wetterfersmoarging.

De pompeblêden binne sa goed as rûn en driuwe op it wetteroerflak. Se hawwe in hertfoarmige foet. De blêdstâle is rûn en hat grutte luchtkanalen dy't lucht nei de woartelstôk geliede.

Wite wetterleeljes hawwe geurige wite blommen mei in trochsneed fan 10-20 sm die op it wetteroerflak driuwe. De allinichsteande blommen stean allinnich op silindryske blomstâlen. Der binne tweintich oant fiifentweintich puntige kroanblêden en fjouwer tsjelkblêden. De sittende stimpels foarmje in oranjegiele knop mei acht oant fjouwerentweintich stimpelstrielen.

De frucht, dy't ûnder wetter ripet, hat meastal de foarm fan in flesse, mar is soms bolfoarmich. De siedden wurde troch it wetter fersprieden.

De plant hâldt fan sinne en bloeit meastal yn de moannen juny oant augustus.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]


Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Nymphaea alba en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.