Willem Usselinx

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem Usselincx

Willem Usselincx (1567-1647?) wie in sakeman en diplomaat út Antwerpen.

Hy hâlde lang ta yn Spanje, Portugal en op de Azoaren. Hy seach dêr de rykdom fan de koloanjes. In skoft nei de fal fan Antwerpen gie er, lykas de measten fan syn stedsgenoaten, nei de Noardlike Nederlannen, earst nei Middelburch. Hy wie derfan oertsjûge dat de opstannige Nederlannen koloanjen sykje moasten om de Spanjerts baas te wurden. Yn 1621 stie hy mei oan de widze fan de Westyndyske Kompanjy, plannen dêrfoar hied er al yn 1600 op papier set. Hy hie dêrmei net allinnich in kommersjeel doel foar eagen. Hy winske dat yn de Nije Wrâld in nije en bettere mienskip stâl krije soe. Tûzenen Nederlanners woe hy dêrhinne hawwe. It moast gjin wingewest wurde, mar in twadde Nederlân (Nij-Nederlân). Hy krige lykwols net genôch stipe foar it plan. Mei help fan fral Sweden rjochte er ek de Suderkompanjy op, mar fanwege finansjele swierrichheden waard dat neat.

Hy is om 1647 hinne stoarn, neidat er himsels yn in fallissemint holpen hie troch it útsetten fan jild yn de bepoldere Beemster.

Boek[bewurkje seksje | edit source]

  • Naerder Bedenckingen, Over de zee-vaert/ Coophandel ende Neeringhe alsmede de versekeringhe vanden Staet deser vereenichde Landen/ inde teghenvoordighe Vrede-handelinghe met den Coninck van Spangnien ende de Aerts-hertoghen (1608).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • Biografy yn it NNBW