Willem Ernest baron van Knobelsdorff

Ut Wikipedy
Willem Ernest van Knobelsdorff (1972)

Willem Ernest baron van Knobelsdorff (De Haach, 15 july 1916Beetstersweach, 18 april 1975) wie in Nederlânsk politikus foar de CHU.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Knobelsdorff, telch út de famylje Van Knobelsdorff, wie in soan fan Frederik Wilhelm Adriaan Karel baron van Knobelsdorff (1865-1932) en Jantje Bredewout (1890-1972). Hy boaske oan Mary Cecilia Erica Belinfante; sy krigen fiif bern. Syn broer Johannes (1917) wie boargemaster fan Goedereede, Stellendam en Sassenheim. Hy studearre ekonomy yn Amsterdam en Rotterdam. Om reden fan de oarloch koe er dy stúdzje earst yn 1946 ôfmeitsje. Hy wie adjunkt-ynspekteur (1946) by de Thesaury-ynspeksje fan it departemint fan Finansjen. Yn 1947 waard er finansjeel meiwurker by de Bataafse Petroleum Maatschappij, yn 1950 bedriuwsekonoom by de Shell.[1] Yn dy snuorje waard er ek lid fan it bestjoer fan útjouwerij Belinfante yn De Haach en waard dêr yn 1954 direkteur.[2]

Yn 1955 waard Van Knobelsdorff foar de CHU beneamd ta boargemaster fan de gemeente Reeuwijk. Yn 1962 folge syn beneaming yn Smellingerlân dêr't er A. Blaauboer opfolge. Hy wie sûnt 1973 Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Van Knobelsdorff stoar oan de gefolgen fan in auto-ûngemak.[3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Twintig jaar burgemeester, dertien jaar in Smallingerland Drs. Van Knobelsdorff was bestuurder van grote werkkracht" yn Ljouwerter Krante, 19 april 1975
  2. "Drs van Knobelsdorff benoemd tot burgemeester van Smallingerland" yn Friese Koerier, 1 juny 1962
  3. "Auto op rijksweg 43 gegrepen door vrachtwagen Burgemeester Van Knobelsdorff verongelukt" yn Leeuwarder Courant, 19 april 1975