Wetterpiip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In wetterpiip
It prinsipe fan de weterpiip

In wetterpiip is in apparaat foar it smoken fan spesjale piiptabak mei fruitsmaak. It smoken fan piiptabak is yn it Midden-Easten in tradysje en it wurdt in soad dien yn restaurants en kafees. Foar it smoken fan marihûana of hasj wurdt in bong brûkt, in speasjaal soarte wetterpiip.

Sûnensrisiko's[bewurkje seksje | edit source]

It ferhaal dat in wetterpiip smoken net of minder skealik wêze soe as sigaretten smoke is net wier. Faak wurdt miend dat dit sa is ûnder de (ferkearde) ûnderstelling dat it wetter de skealike stoffen út de smook oplosse soe, of omdat it ynademjen fan de reek minder prikeljend is foar de longen. Dit lêste komt lykwols troch de oanwêzichheid fan wetterdamp yn de reek. Hoewol't der wol wat skealike stoffen yn it wetter oplosse, bliuwt der in hiel soad yn de reek sitten.

Ferskate wittenskiplike stúdzjes[1][2][3] hawwe útwiisd dat it smoken mei in wetterpiip minstens like skealik is as it smoken fan sigaretten. By it smoken mei in wetterpipe wurde net allinnich kankerferwekkende stoffen en koalstofmonokside ynademe lykas by it smoken fan sigaretten, mar ek swiere metalen ôfkomstich fan it koaltsje dat brûkt wurdt as brânstof. Brûkers fan wetterpipen smoke yn ien sesje langer as sigarettesmokers, en per ademswolch wurdt mear reek ynademe. Ien rooksesje mei in wetterpiip duorret faak langer as 40 minuten, wêrby't de brûker 50 oant 200 kear oan de piip ljurket en dêrby 0,15 oant 0,5 liter reek per kear ynademet. Ien sigaret is nei maksimaal 20 trekken op. Undersiken fan de World Health Organization en de American Cancer Society hawwe oantoand dat in brûker yn ien wetterpiipsesje fan in oere 100 oant 200 kear de hoemannichte reek en 70 kear de hoemannichte nikotine binnenkrijt fergelike mei it smoken fan in sigaret.

Ek it passyf smoken is skealik. Der bestiet ek gjin inkel tastel wêrfan bewiisd is dat it de skealike effekten fan de wetterpiip wat weinimt of ferdwine lit.

Krûden[bewurkje seksje | edit source]

Yn Yndia dêr't de piip oarspronklik wei lomt, wurdt it smoken fan de wetterpiip ek in soad dien troch de jongerein. It smoken fan saneamde "herbal molasses" is dêr populêr omdat der tocht wurdt dat it minder skealik is as wetterpiiptabak. Herbal molasses is in griemmank fan ûnder oare sûker en fruitekstrakten en is nikotine- en tarfrij.

Wurking[bewurkje seksje | edit source]

In wetterpiip bestiet yn prinsipe út fjouwer dielen:

  • tabakskomke: hjir komt it smokersguod yn;
  • metalen skacht: dizze rint fan ûnder it tabakskomke oant yhn it glêzen reservoir, krekt ûnder it wetternivo;
  • glêzen reservoir: fold mei floeistof (meastal wetter, marder kin ek alkohol yn dien wurde foar in dûbeld effekt);
  • slange: fleksibele slange mei mûlstik d6er't de reek mei opsûge wurdt.

It glêzen reservoir moat fold wurde mei wetter, en wol sàfier dat de metalen skacht sirka 2 sintimeter ûnder wetter komt. Yn it tabakskomke stoppet men smokersguod wêrnei't dizze ôfdekt wurdt mei aluminiumfoaly dêr't gatsjes yn prippe wurde, dêrnei komt der in baarnend koaltsje op. Troch no oan it mûlstik te sûgjen ûntstiet der ûnderdruk boppe de floeistof. Hjirtroch wurdt der troch de floeistof hinne loft oansûge troch de pipekop. Betingst is wol dat de bokaal perfekt loftticht is om foar te kommen dat de reek fertinnet, oft der gjin ûnderdruk komt.

It baarnende koaltsje is óf in stikje houtskoal, of in tablet makke gfan houtskoalgrús dat tige fluch ta gloeien brocht wurde kin. In tablet hat meast in trochsneed fan 33 mm.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Willem van der Valle fan De Harkema hât sûnt 2010 'foar de grap' in webwinkeltsje yn wetterpipen en rêding.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Weterpiip like ûndegond as smoken [www.gezondheid.be]
  2. http://www.who.int/tobacco/global_interaction/tobreg/Waterpipe%20recommendation_Final.pdf
  3. NU.nl 24 augustus 2009