Werchojansk

Ut Wikipedy
Stedswapen

Werchojansk (Russysk: Верхоянск) is de lytste stêd fan Ruslân, en leit yn de autonome republyk Jakoetsje. It foarmet ûnderdiel fan de oeloes Wrchojanski en foarmet in gorodskoje poselenieje hjirbinnen. De stêd leit oan de Jana tichtbyde Noardpoalsirkel op sa'n 675 kilometer fan Jakoetsk en 72 kilometer ten súdwesten fan it oeloessintrum Batagaj.

De stêd hie 1.434 ynwenners by de Russyske folkstelling fan 2002. De namme stêd fertsjinnet it allinnich troch har histoarje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fleanfjild Werchojansk

Yn 1638 waard een winterdelsetting troch Kozakken stifte op 90 kilometer fan de hjoeddeiske stêd. Yn 1775 waard it folslein ferpleatst nei de lofterouwer fan de Jana om it ynjen fan hûdebelestingen (jasak) in stik makliker te meitsjen. Doe kaam Werchojansk op syn hjoeddeistige plak te lizzen. It krige de steatus fan stêd yn 1817. Tusken 1860 en 1917 waard it benammen brûkt as polityk ferbanningsoarde. Om it plak waard yn 1922 fochten troch bolsjewiken en mensjewiken. De Reade Legersoldaten dyt hjir sneuvelen waarden hjir begroeven yn in massagrêf.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan it plak is rjochte op de lânbou mei ûnder oare in hynstefokkerij en in rindierhâlderij. De stêd is in sintrum foar de boskbou yn de omjouwing en hat in rivierhaven. DeEr binne ek in soad pelsjagers.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaatdiagram Werchojansk

Werchojansk is bekend troch de ekstreem lege wintertemperatueren dy't der hearskje. Sa is de gemiddelde jannewaristemperatuer hjir -47°C en de gemiddelde jiertemperatuer -15,3°C. It lweit yn it kâldste gebiet fan it noardlik healrûn. De wynsnelheid bedraacht gemiddeld 1,3 m/sek. en de relative loftfochtichheid 69%.

Op 15 jannewaris 1885 waard ûnder lieding fan wittenskipper Alexander von Bunge in temperatuer fan -67,1°C registrearre. Yn febrewaris 1892 waard in noch legere temperatuer fan -69,8°C registearre. Yn it boek fan de waarnaamer waard lykwols in mjitfout registearre ter grutte fan 2°C.[1][2] Dizze mjitfout waard korrizjearre en sadwaande wurdt no -67.8°C sjoen as de leechste temperatuer dy't ea yn Werchojansk mjitten is, 0,1 graad leger as yn Ojmjakon.

It temperatuerferskil tusken winter en simmer is op mar in pear plakken grutter as yn Werchojansk. It kin oprinne ta mear as 100°C ferskil, want it waarmterekôr wie 38,0°C op 20 juny 2020 [3].

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1897 = 400
  • 1959 = 1.400
  • 1970 = 1.900
  • 1979 = 1.700
  • 1989 = 1.900
  • 2002 = 1.400

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Росгидромет: «У Верхоянска есть право официально именоваться Полюсом холода»; 13 oktober 2005; SakhaNews
  2. холода|publisher=Geografia
  3. KNMI