Wells

Ut Wikipedy
Wells
Polityk
Lân Ingelân
regio Súdwest-Ingelân
greefskip Somerset
Sifers
Ynwennertal 12.000 (2018)
Oar
Koördinaten 51° 0' N 3° 6' E
Offisjele webside
Side Wells
Kaart
Wells (Somerset)
Wells

Wells is in stêd yn Somerset yn Súdwest-Ingelân, dy't likernôch 27 km súdlik fan Bristol leit. De stêd leit oan de súdlike foet fan de Mendip Hills.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 'e Romeinske tiid wie der in delsetting op it plak. De lokaasje wie geunstich foar bewenning fanwegen it grutte tal boarnen dêr, dy't de stêd syn namme joegen.

It duorre oant yn 'e Angelsaksyske tiid dat Wells besjutting krige as stêd yn it Keninkryk Wessex. Kening Ine stifte op it plak in tsjerke. By de dieling fan it âlde bisdom Sherborne yn it jier 909 waard Wells biskopsstêd, sadat de stêd fierder yn belang tanaam. Biskop John de Villula ferhûze yn 1090 de sit fan it bisdom lykwols nei Bath. Dat late ta striideraasjes tusken de koarhearen fan Wells en de muontsen fan Bath en lang om let krige it bisdom de namme "Bath en Wells" en de biskoppen dêrfan moasten troch de geastliken út beide stêden keazen wurde.

Wells krige yn de midsiuwen belangrike privileezjes dy't de stêd fierder holpen yn 'e ûntwikkeling. De merken wiene wichtich foar de hannel yn tekstyl. Yn de iere 19e iuw ûnstie der ek yndustry foar de produksje fan papier en boarstels.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wells hat noch in midsiuwske sintrum mei in soad 14e- oant 16e-iuwske bebouwing. It neamen wurdich binne benammen:

  • De Andréaskatedraal, dy't fan 1182 oant 1260 boud waard. Allinne de westlike gevel besit al sa'n 300 bylden. De katedraal levere Wells ek it stedsrjocht op, want yn Ingelân mei elts plak mei in katedraal himsels stêd neame. Bysûnder yn de katedraal is de skjirrebôge tusken de krusing en it skip fan 'e katedraal.
  • Fuort by de katedraal is it 14e-iuwske Vicars Close, de earste rige wenhûzen fan Grut-Brittanje.
  • It biskoplike paleis bleau foar in part as ruïne bewarre. It waard sûnt 1210 yn opdracht fan biskop Jocelin boud. Yn de fan in grêft omfieme paleistún binne de boarnen, dy't Wells syn namme joegen.
  • De parochytsjerke fan Saint Cuthbert wie oarspronklik in gebou út de 13e iuw, mar waard yn de 15e iuw bot ferboud yn de perpendicular-styl. Yn 1561 ferlear de tsjerke de krusingstoer, dy't troch de hjoeddeiske westlike toer ferfongen waard.
  • De gebouwen fan Wells Cathedral School, ien fan de âldste noch besteande skoallen fan de wrâld.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside: de:Wells