Vrahovice

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Vrahovice
St. Bartolomeüstsjerke
St. Bartolomeüstsjerke
Sifers
Ynwennertal 3.402 (2001)
Oerflak 6,22 km²
Befolkingstichtens 547 / km²
Hichte 255 m
Polityk
Lân Tsjechje
Regio (kraj) Olomoucký kraj
Distrikt (okres) Prostějov
Oar
Webside www.vrahovice.eu


Vrahovice is in doarp yn de regio Olomouc yn it easten fan de Tsjechyske Republyk, net fier fan Prostějov. Administratyf heart it ta Prostějov. It doarp hat likernôch 3.800 ynwenners.

Vrahovice waard 1337 foar it earst neamd. It wurd Vrah betsjut "fijân" yn it Ald-Tsjechysk. Vrahovice koe him benammen yn it Ynterbellum earst goed ûntjaan. Nei de Twadde Wrâldkriich wie der in ynternearringskamp foar Dútser dy't d6er wachten op harren oerdracht. Tusken 1950 en 1954 en sûnt 1973 is Vrahovice ûnderdiel fan Prostějov.

Der is in tsjerke, de Sint Bartholomeüs Tsjerke (1831-33), in postkantoar, in tal kafees en ferskate ferienings.

De muzikanten Zdeněk Tylšar en Bedřich Tylšar waarden yn it doarp berne en taalkundige dr. Frantisek Kopečný hat dêr lange tiid wenne.


Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]