Victoria (Ruslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje yn deNoardlike Iissee

Victoria (Russysk: Виктория) is in tige ïsolearre eilân op sa'n 160 kilometer bewesten fan de arsjipel Franz Joseflân en likernôch 60 kilometer eastlik fan it eilân Kvitøya (Spitsbergen). It leit oan de noardgrins fan de Barentssee, it meast noardwestlike stikje Ruslân. Geografysk heart it net ta Frans Jozeflân, dêr't it fan skieden wurdt troch de Frans Victortroch, mar bestjoerlik wurdt it dêr wol ta rekkene yn it gemeentlik distrikt Primorski (oblast Archangelsk) fan de Russyske oblast Archangelsk. Sûnt 2009 is it in diel fan it nasjonaal park Roesskaja Arktika.

It eilân mjit 5 by 2,5 kilometer, hat in oerflak fan 14 km² en in hichte oant 105 meter. It noardpunt wurdt Kaap Knipovitsj neamd (sjoch skiednis). It eilân is hast folslein mei iis bedutsen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân waard ûntdutsen op 20 july 1898 troch de Noarske kapteins Johannes Nilsen en Ludvig Bernard Sebulonsen by harren jacht op walrussen. It waard de folgjende dei troch in kaptein P. W. Nilssen fan it stoomjacht Victoria (eigendom fan de Britske avontoerier Arnold Pike) ferneamd nei dat skip. Lange tiid liet men it eilân fierders gewurde. Ut en troch kamen der Noarske pelsjagers.

Yn de jierren 1920 kaam der ynienen in soad omtinken foar Victoria, omdat it bûten de gebieten foel dy't ûnder it Spitsbergenferdrach (1920) ûnder Noarsk bestjoer kamen en sa ta terra nullius waarden. Noarwegen en Sowjet-Ruslân lieten doe it each falle op it eilân en de arsjipel Frans Joseflân. Yn 1925 farden Frank Worsley en Grettir Algarsson fan Yslân út nei it eilân.

Op 15 april 1926 easke de Sovjet-Uny beide gebieten op; dat noaske Noarwegen (en Noarske pelsjagers) mar min en hja protestearre tsjin dy yn har eagen ûnwettige anneksaasje op 19 desimber 1926. It Noarske Ministearje fan Utlânske Saken woe lykwols gjin skeel mei de Sovjet-Uny en besleat om gjin formele easken op it gebiet te lizzen, mar hie gjin beswier tsjin privee-ynisjativen yn dizze saak. Noarske ynisjativen waarden benammen stipe troch it Norges Svalbard og Ishavsundersøkelser (NSIU), de foarrinner fan it Noarsk Poalynstitút. Wilens besocht de Amerikaanske Louise Boyd it eilân op har boat de Hobby, doe't hja socht nei de fermiste Roald Amundsen.

Bemanningsleden fan de Bratvaag eksposearje foar de bouwmaterialen en de Noorske kleem op 8 augustus 1930

Yn 1929 finansiearre de Noarske konsul (fan Sandefjord) en walfiskfeartmagnaat Lars Christensen (bekend fan eardere expedysjes dêr't Bouvet en Peter I-eilân fan Antarktika anneksearre waarden foar de Noarske kroan) in ekspedysje op de skippen S/S Torsnes en M/C Hvalrossen nei Frans Joseflân en Victoria. Christensen easke doe Victoria op (dêrneist moast der in radiostasjon komme op Frans Jozeflân dêr't in oantal oerwinterders efter litten wurde soenen). De ekspedysje waard lykwols troch swiere iisomstannichheden twong om werom te gean. Neidat Otto Schmidt yn 1929 de Russyske flagge op Frans Jozeflân set hie, waard de Noarske fokus ferlein nei Victoria. It takom jier waard de Bratvaagekspedysje laat fan Gunnar Horn (fan de NSIU) nei it eilân stjoerd ûnder it mom fan wittenskiplik ûndersyk. Op 8 augustus 1930 waard it eilân berikt en Horn easke it eilân op foar skipseigner Harald M. Leite. Wierskynlik hat Noarwegen it eilân nea offisjeen opeaske om't it in konflikt mei de Sovjet-Uny foarkomme woe en op 29 augustus 1932 lanne dêr doe in Sovjet-Russyske ekspedysje op de seilmotorboat Nikolaj Knipovitsj laat troch kaptein Sergej Popov en ekspedysjelieder Nikolaj Zoebov op it eilân en sette der de hammer en sichte fan de Sovjet-Uny.

Op 1 novimber 1959 waard in poalstasjon (Ostrov Viktoria) oprjochte op Victoria, dat ûnder it rjochtsfoech fan Dikson foel en op 1 april 1994 wer sletten waard.[1] Der is in plan foar in automatysk waarstasjon op it eilân. Dan binne der noch Russyske plannen foar de stifting fan in post fan de Loftferdigening fan Ruslân (PVO Rossii) by Kaap Knipovitsj.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (Russysk)[1] ДИКСОН - СНЕЖНОЙ АРКТИКИ СТОЛИЦА. К 90-ЛЕТИЮ НАЧАЛА НАБЛЮДЕНИЙ НА о. ДИКСОН; útjouwer Северное УГМС; auteur: Н.М. Адамович