Utah Beach

Ut Wikipedy
Utah Beach
Part fan D-Day

Amerikanen komme op Utah Beach oan lân
datum: 6 juny 1944
plak: Normandje, Frankryk
útkomst: Alliearde oerwinning
konfliktpartijen
Feriene Steaten Nazy-Dútslân
befelhawwers
Raymond O. Barton
J. Lawton Collins
Theodore Roosevelt
Karl-Wilhelm von Schlieben

sterkte
Ynfantery: 21.000
Loftmacht 14.000
12.320

ferliezen
Ynfantery: 197
Loftmacht 2.499
Oare ûnderdielen: 700
ûnbekend

Utah Beach wie by de lâning fan de alliearden yn Normandje yn 1944 de koadenamme fan in stik strân fan goed fiif kilometer lang tusken Pouppeville en La Madeleine. It stik strân leit oan de foet fan it skiereilân Cotentin yn it Frânske departemint Manche.

It is it meast westlike stik strân, dêr't ynearsten noch gjin plannen foar wiene om te lânjen foar it befrijen fan West-Europa. Om't de alliearden lykwols nei de lâning sa gau mooglik in djippe haven nedich hiene en Cherbourg op de noardlike punt fan it skiereilân it meast gaadlik like, waard Utah Beach yn de plannen foar de ynvaazje opnommen.

De oare strannen nei it easten ta wiene Omaha-, Gold-, Juno- en Sword Beach. Tusken de strannen Omaha en Utah lei noch in yn see útstekkende rots mei in Dútske stelling, Pointe du Hoc.

De Dútske ferdigening fan de likernôch 50 kilometer lange kuststreek foel ûnder it Verteidigungsbereich Bayeux, in gebiet fan eastlik oan de mûning fan de Vire oant Arromanches-les-Bains yn it easten. Ferantwurdlik foar dat gebiet wiene de 352e Ynfantery-difyzje ûnder generaal-luitenant Dietrich Kraiss en marine- en Luftwaffe-ienheden. Westlik dêroan grinzge it gebiet dêr't Utah Beach ûnder foel en ferdigene wurde moast troch de 709e Difyzje ûnder generaal-luitenant Karl-Wilhelm von Schlieben.

Tarieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nachts foar de lâning waarden yn it efterlân fan Utah Beach ienheden fan de 82e en 101e Airborne-difyzje dropt om Sainte-Mère-Église yn te nimmen, brêgen feilich te stellen en it gebiet frij te meitsjen. De earste faze fan de lâning op Utah Beach wie yn fjouwer weagen ferdield. Yn de earste weach soene meiïnoar 20 lâningsboaten, elts mei 30 man sterke teams fan it 8e Ynfantery-rezjimint fan de 4e US-Ynfantery-difyzje, foar twa brêgehaden soargje. De tsien boaten oan de rjochter flank hiene de opdracht it stik strân "Tare Green" yn te nimmen, dat foar de dunen by Vareville oer lei, dêr't de Dútske ferdigening sterk wie. De boaten fan de lofter flank wiene foar it stik strân "Uncle Red" ornearre, dat likernôch 900 meter súdliker lei.

De folsleine operaasjes boude op de earste lâningsweach fierder, dy't om 06:30 oere útein sette soe. Likernôch tagelyk soene ek acht lâningsboaten mei amfibyske tanks ûnderweis wêze. De twadde weach soe neffens plan nochris 32 lâningsboaten mei soldaten, pioniers en eksplosivenkommando's bringe, dy't de obstakels ûnderwetter ûnskealik meitsje moasten. Nei in kertier soe de tredde weach mei tanks oan lân gean. Hast fuort dêrnei soe de fjirde oanfal folgje fan twa pionier-bataljons. Harren opjefte wie it skjinmeitsjen fan it strân oant de floedstripe fan rommel en minen.

D-Day[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Nevada fjurret op Dútske posysjes op Utah Beach

Foar it begjin fan de lânings waarden de Dútske stellings troch loftoanfallen en skipsartillery swier bombardearre. In oere foar de lânings setten Amerikaanske en Britske slachskippen, krusers en torpedoboatjagers en de Nederlânske kanonnearboat Soemba útein mei it besjitten fan de Dútske fersterkings en artillerystellings. Oan de oanfal die ek de USS Nevada mei, dy't by de Japanske oanfal op Pearl Harbor swier skansearre rekke waard. Om 06:00 oere smieten 269 bommesmiters fan it type Martin B-26 Marauder meiïoar 4.404 bommen op de sân Dútske ferdigeninsstellings.

Troch de besjittings slaggen de alliearden der yn - oars as op Omaha Beach - om in soad Dútske ferdigeningsstellings te fernielen of te ferneatigjen. Boppedat wiene de Dútsers dy't it oerlibben sa bot oanslein, dat hja gjin earnstige wjerstân mear leverje koene.

Twa oeren foar it begjin fan de lâning besetten ienheden fan de 4e en de 24e US-Kavalery-eskadron de foar Utah Beach lizzende Saint-Marcouf-eilannen, dêr't de alliearden in Dútske foarpost ferwachten. Foar it begjin fan de oanfal op de eilannen hiene in pear mei allinne messen bewapene ferkenners de lâningsstripen markearre. Dy manlju wiene nei alle gedachten de earsten dy't op 6 juny 1944 fan see út op Frânske grûn stiene. Tsjin alle ferwachtings yn wie dêr gjin Dútsk ferset oanwêzich, mar troch minen ferlearen de alliearden dêr dochs in pear man. Om 05:30 oer hinne hiene de alliearden de twa eilannen hielendal yn hannen.

De lâning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troepen op it strân fan Utah Beach

By it naderjen fan de sudlike râne fan Utah Beach fjurren de earste stoarmtroepen op sa'n 250 oant 350 meter foar de kust reeksinjalen ôf, om de marine te warskôgjen op te hâlden mei de besjittings op de Dútske stellings. De 300 man fan it 2e Bataljon fan it 8e Ynfantery-rezjimint hellen om 06:31 oere as earste de kust, werby't hja de lêste 100 meter troch it wetter wâdzje moasten. Noardlik dêrfan gyng wat letter ek it 1e Bataljon oan lân.

Kaart mei ynnommen posysjes op de earste dei

Dêrnei folgen 28 fan de 32 amfibyske Sherman-DD-tanks fan it 70e US-Tank-Bataljon, dy't de noch oanwêzige Dútske stellings ûnder fjoer namen. Fjouwer tanks hiene in myn rekke en sonken ear't de kust helle waard. De tanks droegen yn it gefal fan Utah Beach lykwols folle better by oan de gefjochten as op Omaha Beach en holden de alliearde ferliezen leech. Oars as by Omaha Beach waarden de tanks foar Utah Beach pas trije kilometer foar de kust út de lâningsboaten set. De tanks foar Omaha Beach wiene folle fierder út de kust út de lâningsboaten litten en kamen op in folle rûgere see mei hege weagen telâne.

Om dy tiid begûnen pioniers en spesjale ienheden fan de marine, de minen en oare obstakels te ferwiderjen sadat de folgjende ienheden sûnder gefaar en fertraging it lân op koene.

Troch de sterke streaming fan it wetter dreaune de lâningsboaten ôf en kaam de earste weach 1800 meter súdliker oan lân. Om't oer de kust troch de besjittings in soad reekwolken hongen, wie it lestich foar de mannen om harren te oriïntearjen. It hie allegear hiel oars beteare kinnen, mar grutte betizing fûn net plak. Guon befellen koene net sekuer útfierd wurde, mar brigade-generaal Theodore Roosevelt jr. hie de saak ûnder kontrôle en liet de Dútske stellings dy't wol te berikken wiene oanfalle. Sa koene de Amerikaanske troepen al gau de haadstrjitten fan it efterlân op en de Dútske troepen fan dêr wei oanfalle.

Dútske kriichsfinzenen op Utah Beach

De Amerikanen stjitten op relatyf licht ferset en it ferlies fan 197 man fan de ynfantery wie relatyf leech. In pear Dútske artillerystellings beskeaten de skippen op see sûnder skea oan te bringen. Tsjin it ein fan de dei wiene mear as 20.000 soldaten mei 1.700 fartugen op Utah Beach lâne.

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De B-26 Marauder fan it Lanningsmuseum fan Utah Beach

It yn 1962 iepene Musée du Débarquement Utah Beach stiet op in plak, dêr't in Dútske bunker de kust ferdigene. De bunker waard de moarns fan 6 juny 1944 troch in Amerikaanske oanfal fernield. It museum betinkt fral de Amerikaanske troepen dy't op Utah Beach lânen: de 4e US-Ynfantery-divisy en syn 8e Ynfantery-rezjimint en de 101e en 82e US-loftlâningsdifyzje.

Njonken in lâningsboat en in soad lytsere saken toant it museum ek in autentike bommesmiter fan it type B-26 Marauder. Nei in útwreiding waard it museum yn 2011 op 'e nij iepene.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.