Udine

Ut Wikipedy
Lokaasje Udine

Udine (Friulaansk: Udin, Sloveensk: Videm, Dútsk: Weiden) is haadstêd fan de lykneamde provinsje Udine en leit yn de autonome regio Friûly-Julysk Feneesje yn Itaalje. De stêd leit op de taalgrins tusken oan de iene kant Friûlanen en Italjanen en oan de oare kant Slovenen. Yn 2005 hie it 96.678 ynwenners.

Yn 1230 waard de sit fan de patriarch fan Aquileia ferpleatst nei Udine, dêr't harren yn de 16e iuw fernijde residinsje noch oerein stiet. Sûnt 1420 makke Udine diel út fan Feneetsje.
Udine hat inkelde moaie foarbylden fan arsjitektuer út de lette renêssânse, boud troch Andrea Palladio. Oan it sintrale plein Piazza della Libertà leit it gemeentehûs Loggia di Lionello út midden 15e iuw. It plein is ynspirearre troch it San Marco-plein ynFeneestje. Der steane meardere âlde tsjerken yn de stêd; yn de Santa Maria della Purita binne 18e iuwske fresko's fan Giovanni Battista Tiepolo, de learmaster fan Anton Čebej.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Katedraal fan Udine
  • Torre dell'orologio (mei liuw fan foar de ierdskodding fan 1511)
  • Banca d'Italia, njonken de Universiteit, yn âld paleis boud troc Palladio.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: