Twiblêd
Twiblêd (Maianthemum bifolium) is in fergiftige fêste plant dy't heart ta de asperzjefamylje (Asparagaceae).
De plant wurdt 7-20 sm heech, hat in rjochtopgeande stâle en foarmet in tinne woartelstôk (rizoom). Der sitte meastentiids twa bledsjes oan de blomstâle, fandêr ek de soartnamme bifolium. It blê fan de net bloeiende plant ferwylkje, as de plant yn bloei komt. De spitse blêden binne 3-8 sm lang en 2-5 cm breed, aairûn en hawwwe in hertfoarmige foet. Op de nerven kommme lytse, tinne hierren foar.
Twiblêd bloeit yn maaie en juny mei wite blommen, dy't yn in trosse sitte. De blomslippen steane earst stjerfoarmich út en binne by it âlder wurden fan de blom weromslein.
De frucht is in rûne bei mei ien of twa siedden. Unripe beien binne read spikkele en kleurje read by it ryp wurden.
De plant komt foar op skaadrike plakken op fochtige oant frij droege, wat fiedselearme grûn, lykas heidefjilden.
[bewurkje seksje] Nammen yn oare talen
- Dúts: Zweiblättrige Schattenblume
- Frâns: Maïanthème à deux feuilles
- Ingelsk: False lily of the valley, May lily
- Nederlânsk: Dalkruid
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Maianthemum bifolium en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |