Springe nei ynhâld

Tsjil (organisaasje)

Ut Wikipedy

Tsjil wie in stifting dy't him ynsette foar de promoasje fan Frysktalige literatuer. De stifting waard yn desimber 2013 oprjochte troch ferskate skriuwers en leafhawwers fan literatuer, mar wie gjin lang libben beskern.

Oan 'e oprjochting fan Tsjil gie it fannijs opsetten fan in eksperimintele Sutelaksje op 9 novimber 2013 foarôf. De tradisjonele sutelaksje waard op 16 oktober 2009 foar it lêst troch Stifting It Fryske Boek organisearre. De organisatoaren fan de eksperimintele sutelaksje fûnen dat in minne set wie dat der gjin alternatyf promoasjemiddel foar Frysktalige literatuer kommen wie nei't It Fryske Boek yn 2010 opgien wie yn Tresoar. De eksperimintele sutelaksje kaam fuort út in spontane oprop op Facebook.

Nei it súkses fan 'e spontane sutelaksje fan 2013 waard letter dat jier troch de belutsenen de stifting Tsjil oprjochte. Yn 2014 bewiisde Tsjil dat de Sutelaksje noch altyd súksesfol wêze koe. Mar ein maart 2015 waard dúdlik dat Tsjil opheft wurde soe en dat de Sutelaksje fan 2014 de lêste west hawwe soe. Neffens it bestjoer fan 'e stifting wie der, "om it suteljen substansjeel en struktureel syn gerak te jaan", ferlet fan teminsten twa folsleine fte's (banen). De subsydzje dêrfoar wie lykwols net beskikber.[1][2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——Tsjil stopt met sutelaksjes yn: de Ljouwerter Krante, 28 maart 2015.
  2. Peppelenbos, Coen, Sympathieke sutelaksje verdwijnt voorgoed op: literêr bloch Tzum, 1 april 2015.