Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Zajaitskoje

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke

Николаевская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 44' N 37° 38' E
Arsjitektuer
arsjitekt Dmitri V. Uchtomski
boujier 1751-1759
boustyl Elisabethaanske barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771420985600006
Webside
svnikolahram.ru
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Zajaitskoje (Moskou)
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Zajaitskoje

De Tsjerke fan 'e Hillige Nikolaas is in otterdokske tsjerke út it midden fan 'e 18e iuw. De tsjerke leit oan 'e rjochter kant fan 'e Moskva yn it sintrum fan de Russyske haadstêd Moskou.

De Nikolaastsjerke yn 1883 (N.A. Naidenov).

In earste fermelding fan 'e tsjerke datearret fan 1518. It doe noch houten bouwurk waard yn 1652 ferfongen troch in stiennen tsjerke. Nei ferrin fan tiid ferfoel de tsjerke en waard der mei de bou fan in nije tsjerke begûn, dy't noch foar de foltôging ynstoartte. Yn 1751 waard de bou wer oppakt. Nei alle gedachten wie it ûntwerp ôfkomstich fan Dmitri Vasiljevitsj Uchtomski, yn 'e tiid fan tsarina Elisabeth Petrovna de belangrykse arsjitekt fan Moskou en in master fan 'e saneamde Elisabethaanske barok. De bou waard yn 1754 foltôge en op 24 oktober wijde biskop Filemon de rjochter kapel yn ta eare fan Nikolaas fan Myra. Op 31 july waard de lofter kapel wiid oan Sergius fan Radonezj en nei't it ynterieur fan 'e tsjerke folslein foltôge waard, waard yn 1759 it haadalter oan 'e Transfiguraasje wijd.

It fjoer fan de brân fan Moskou yn 1812 krige gjin fet op de tsjerke, mar troepen Napoleon plonderen de tsjerke en rôven it tsjerkereau. Rynske parochianen soargen der foar dat it tsjerklike reau neitiid wer oanskaft wurde koe.

Yn 'e tiid fan it Sovjet-rezjym waard de tsjerke yn de tiid fan de ferfolging fan de Tsjerke foar de earetsjinst sletten en it gebou oan it Russyske enerzjybedriuw Mosenergo yn gebrûk jûn. Yn 1939 wie de gemeente fan doel om de tsjerke ôf te brekken, mar hja kamen net fierder as de sloop fan de koepels en de boppenste ferdjippings fan de klokketoer.

Yn it midden fan 'e jierren 1950 waard in oerflakkige restauraasje fan it eksterieur útfierd.

De tsjerke waard yn 1996 werom jûn oan 'e otterdokske mienskip. Dêrnei fûn in yngreven restauraasje plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Святителя Николая в Заяицком