Tsjerke fan Wûns
Tsjerke fan Wûns | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Wûns | |
adres | Salverdastrjitte 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1728 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39439 | |
offisjele webside | ||
Side PKN Wûns |
De Tsjerke fan Wûns is in gebou fan de PKN-gemeente fan Wûns. De tsjerke is in ryksmonumint.
Midsiuwske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By opgravings yn de Twadde Wrâldkriich is fêst kommen te stean dat der yn Wûns al yn de 12e iuw in romaanske tsjerke fan dowestien stien. De toer fan dat tsjerkje wurdt fanwegen it fûnemint fan bakstien op lettere datum rûsd, mooglik 13e-iuwsk. It romaanske tsjerkje wie 21 by 7 meter en hie as ôfsluting in healrûn koer. De ôfmjittings fan it oerflak fan de toer wiene krapoan 5 by 5 meter. Yn 1940 en 1941 waarden út de tiid fan de midsiuwen fragminten fan reade sânstien fûn, dy't oan beide kanten dekorearre binne mei reliëfs. In fynst yn 1961 folle de stikken oan ta in gehiel fan in bôgefries fan apostels, dêr't noch in diel fan ûntbrekt. Mooglik hat it byldhouwurk tsjinne om it koer fan de tsjerke te skieden. In oare fynst út 1961 is in sarkofaach fan reade sânstien. Om't der ek in lyts stikje brânskildere glês út de twadde helte fan de 16e iuw fûn is, wurdt der fan útgien dat de tsjerke eartiids brânskildere ramen hân hat.
Tsjintwurdige tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan hjoeddeiske tsjerke fûn yn 1728 plak. De as sintraalbou ûntwurpen tsjerke ferfong de midsiuwske tsjerke út de 12e iuw. Efkes letter waard der ek in nije pastorije boud. Healwei de 18e iuw wiene sawol de tsjerke as de pastorije yn minne steat. Noch gjin fyftich jier nei de bou moast it koepeltuorke al wer fernijd wurde.
By de grutte restauraasje fan de tsjerke ûnder lieding fan de arsjitekt P.L. de Vrieze (1917-1987) yn de jierren 1961-1962 waard de âlde 19e iuwske konsistoarje ôfbrutsen en ferfongen troch in nije konsistoarje mei in rjochthoekich grûnplan. Ek waard doe de neoklassistyske tagong oan de hân fan beskriuwings fan âlde bewenners safolle mooglik yn de âlde steat fan foar 1912 werom brocht.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren 1960 waard by de restauraasje de houten flier ferfongen troch in flier mei âlde glazuere tegels yn de kleuren grien, giel en brún. De lambrisearring is doe weihelle en de muorren binne no hielendal wyt, wylst de koepel blau farve is. Neffens in opskrift stamt de preekstoel út 1681 en is de bou mooglik makke troch Richtie Jacobsz. Abbema. De renêssânse preekstoel is fan ikehout en is ryk oan fykwurk. Yn de tsjerke hingje twa grutte buorden út 1877 mei de nammen fan de dûmny's dy't hjir yn 't amt west ha. De noch oanwêzige banken binne by de restauraasje ferfongen troch stuollen.
It oerwurk fan H.Y. Kramer út Boalsert stamt út 1924.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It twamanualige oargel fan de protestanske tsjerke waard yn 1891 troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga boud. Tagelyk mei de restauraasje fan de tsjerke waard ek it oargel renovearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|