Tsjasker Feanwâlden
Ut Wikipedy
De Tsjasker Feanwâlden is in poldermole benoarden Feanwâlden yn de gemeente Dantumadiel
De tsjasker waard yn de jierren 1974-1975 yn opdracht fan Steatsboskbehear neiboud nei in oarspronklik model en delsetten yn it natoergebiet De Houtwiel, benoarden Feanwâlden. De pealtsjasker ferlear dêr lykwols syn funksje en waard ôfbrutsen, restaurearre (yn 1996) en dêrnei opslein. Yn 2005 waard de mole delsetten oan de Goddeleaze Singel, ûngefear 600 meter eastliker. Dêr is hy net yn wurking, al wurdt der troch Steatsboskbehear neitocht oer in bemeallingsfunksje.