Triedhierrige Dútske steande hûn

Ut Wikipedy
Triedhierrige Dútske steande hûn
Triedhierrige Dútske steande hûn
Triedhierrige Dútske steande hûn
algemiene ynformaasje
alt. namme Deutsch Drahthaar
oarsprong Dútslân
klassifikaasje Steande hûnen
FCI-nû. #98
lichemsskaaimerken
skofthichte Teefke 64 sm
Rikel 68 sm
gewicht 25 oant 30 kg
kleur Brúnskimmel,
Swartskimmel,
Helskimmel,
Brún

De Triedhierrige Dútske steande hûn is in mearsidige jachthûn. Dy siket mei in gefoelige noas op in planmjittige, effisjinte wize it terrein ôf op syk nei wyld. De triedhier is ek in echte kammeraat en húsgenoat dy't yn húslike rûnte goed út 'e fuotten kin.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge triedhierrige dútske steande hûn

De Triedhierrige Dútske steande hûn is in rûchhierrige steande hûn, dy't neffens de fokkerijbegjinsels oan de ein fan de 19e iuw sûnt de iuwwiksel fokt waard mei it útdruklike doel, in lykwichtige en sterk prestearjende, triedhierrige Dútske jachtgebrûkshûn te kreëarjen. En is troch it krusen fan de rûchhierrige rassen (Poedelpointer, Griffon Koarthals, Stikelhierrige Dútske steande hûn) en mei it krúsen fan de Koarthierrige Dútske steande hûn de Triedhierrige Dútske steande hûn ûntstien, dy't har ûnderskiedt troch in praktyske, behiering gjin lêst had fan waarsynfloeden en sterk is op ferskate ûnderdielen dy't wichtig binne by de jacht sadat jagers net ferskate hûnen nedich ha by it wurk.

In folwoeksen rikel is likernôch 61 oant 68 sintimeter heech, in folwoeksen teef sa'n 57 oant 64 sintimeter. It gewicht fan dizze hûn fariearret fan 25 oant 30 kilogram. fjouwer kleuren Triedhierrige Dútske steande hûn binne erkent brúnskimmel, swartskimmel, helskimmel en brún.

Triedhierrige Dútske steande hûnnen kinne lêst hawwe fan Heupdysplasie en de Sykte fan Von Willebrand, in erflike bloedsykte dy 't derfoar soarget dat it bloed net of minder gau stolt. Fokkers litte beide âlderbisten offisjeel ûndersykje op de ôfwêzigens fan Heupdysplasie en de Sykte fan Von Willebrand. Dit ras hat in libbensferwachting fan sa'n 12 oant 14 jier.

Karakter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Triedhierrige Dútske steande hûn hat in soad enerzjy. As er syn enerzjy net kwyt kin, wurdt er ûnderfûn as in drokke hûn. Kin er syn enerzjy wol kwyt, dan is er yn 'e hûs rêstich. Hy kin ek goed yn in kennel hâlden wurde. As de hûn yn syn jeugd goed sosjalisearre en begelaat is, kin er it poerbêst mei bern en oare húsbisten fine. It binne tûke, leargjirrige hûnen. Se hawwe al in konsekwinte baas nedich. Dizze hûnen kinne in stevige oanpak ferneare sûnder senuweftich te wurden. Triedhierrige Dútske steande hûnnen kinne goed oer in stjitsje en hawwe in sterke eigen wil. Triedhierrige Dútske steande hûnen kinne behoarlik wach wêze. Se binne oer it algemien freonlik tsjin oare minsken. Is de hûn oan it wurk, dan sil syn oandacht foaral dêrop rjochte wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: