Tor.com

Ut Wikipedy
Tor.com
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre science fiction en fantasy
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 2008 – no
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Tor Books
oplaach n.f.t. (online-tydskrift)
tal abonnees n.f.t. (fergees lêsber)
offisjele webside
www.tor.com

Tor.com is Amerikaansk online-tydskrift op it mêd fan science fiction en fantasy, dat ienris yn 'e moanne ferskynd. It is in útjefte fan 'e útjouwerij Tor Books. Tor.com hat gjin papierrene ferzje, en kin fergees lêzen wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tor.com waard yn july 2008 oprjochte en hie yn 2014 eltse moanne trochinoar 1,5 miljoen lêzers. Yn it blêd ferskine artikels en resinsjes oer science fiction en oare foarmen fan spekulative fiksje. Dêropta wurde yn it tydskrift ek nije koarte ferhalen publisearre, benammen fan science fiction.

Yn 2014 omskreau de Britske krante The Guardian Tor.com as "de regearjend kampioen fan 'e science fiction-tydskriften". Dy bewearing waard ûnderboud troch û.o. de fermelding dat yn it blêd nij wurk publisearre wie fan "in protte fan 'e nije talinten dy't de measte opwining feroarsaakje," lykas Maria Dahvana Headley en Karin Tidbeck.

Ymprint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt maaie 2014 is Tor.com ek in ymprint fan Tor Books, dy't brûkt wurdt om koarte fiksje ûnder út te jaan, lykas novellen, koarte romans, ferhalebondels en blomlêzings.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.