Top Naeff

Ut Wikipedy
Top Naeff
skriuwer
Top Naeff (1921)
Top Naeff (1921)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anthonetta Naeff
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 maart 1878
berteplak Doardt
stoarn 22 april 1953
stjerplak Doardt
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
School-idyllen
jierren aktyf 1898 - 1950
offisjele webside
gjin
Top Naeff (1952)
Herman Roelvink en Top Naeff yn 1931

Anthonetta Naeff (Doardt, 24 maart 1878 - dêre, 22 april 1953) wie in Nederlânsk skriuwster en oersetster en toanielkritika dy't ûnder de namme Top Naeff har boeken publisearre.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johan Reinhard Naeff en Anna Cornelia Vriesendorp wiene har heit en mem. Fan memmekant stamme sy út in âlde Doardtske keapmansfamylje. Nei in koart skoft yn Nieuwediep wenne te hawwen, gie de jonge hûshâlding werom nei Doardt; har skoalletiid leit sa ek foar it grutste part yn har bertestêd. Yn de jierren 1895/'96 gie Top Naeff dy't die 17 wie nei in jongedameskostskoalle yn Brussel. Yn 1897 stoar har heit en giie hja mei har mem by har beppe ynwenjen.

It toanielstik "De Genadeslag" wie har debút; 13 febrewaris 1899 wie de premiêre yn Doardt by it "Rotterdamsch Tooneelgezelschap Le Gras en Haspels", ûnder rezjy fan Jan C. de Vos. Yn 1901 folge it toanielstik "Aan Flarden" en in tal jierren letter troch "Het Weerzien".

Yn 1900 publisearre se har bekendste boek, "School-idyllen". Nettsjinsteande de tragyske ein is it dochs in humoaristysk famkesboek wêrmei't har namme fuortendaliks fêstige wie en wêrfan't it súkses har libben lang duorre. Op 23 novimber 1904 boaske Top Naeff oan Huibert Willem van Rhijnde út Sutfen, dy't him as dokter yn Doardt festige hie.

Yn 1914 makke sy mei har man in reis nei Ynje, om dêr in rige lêzingen te hâlden. Oktober 1914 koene sy krekt op tiid feilich weromkomme. Yn 1931 makke hja in grutte reis nei Egypte, Grikelân, Syrje en Palestina.

Yn 1934 waard sy beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en ta Offisier yn de Kroanoarder fan België; yn 1952 beneamde de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde har ta earelid.

Tp Naeff stoar 1953 oan de gefolgen fan in hertoanfal. Har namme libbet troch yn ûnder mear de Top Naeff-priis, dy't ûngeregeld útrikt wurdt oan de bêste ôfstudearjende(n) fan de Amsterdamske Teäterskoalle.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De genadeslag (1899)
  • School-idyllen (1900)
  • Aan flarden (1901)
  • De tweelingen (1901)
  • Het weerzien (1902)
  • In mineur (1902)
  • 't Veulen (1903)
  • De dochter (1906)
  • De glorie (1906)
  • De stille getuige (1907)
  • Oogst (1908)
  • Voor de poort (1912)
  • Dramatische kronieken (1919-1923)
  • Vriendin (1920)
  • Charlotte von Stein (1921)
  • Voorbijgangers (1925)
  • Letje, of de weg naar het geluk (1926)
  • Klein avontuur (1928)
  • Offers (1932)
  • Sarah Bernhardt en Eleonora Duse (1934)
  • Een huis in de rij (1935)
  • Juffrouw Stolk en andere verhalen (1936)
  • Zie de maan schijnt... (1946)
  • Klein Witboek (1947)
  • Willem Royaards (1947)
  • Zo was het ongeveer (1950)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gé Vaartjes: Rebel en dame / Biografie van Top Naeff. Amsterdam, Querido. 2010

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]