Toerswel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Toerswel
ApusApusKlausRoggel05.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Toersweleftigen (Apodiformes)
Famylje: Toerswelfûgels (Apodidae)
soarte
Apus apus
Aaien fan Apus apus

De Toerswel is in fûgel út de famylje fan de Toerswelfûgels. De 16,5 sm grutte fûgel is hast hielendal swart. By syn kiel hat er wat wite fearren mar dat is faak net te sjen. De fûgels briede yn hiel Jeropa en oerwinterje yn it suden fan Afrika. Hoewol de toerswel in protte op de swellen liket stiet er der taksanomysk in hiel ein fanôf.

Yn de loft[bewurkje seksje | edit source]

De toerswellen sjogge jo hast allinnich yn de loft at se rûnfleane, se binne te werkennen oan harren silhûet mei de smelle lange wjukken en de foarkefoarmige sturt. Toerswellen hawwe hiele lytse poatsjes dy't net brûkber binne om te rinnen. It latynske Apus betsjut dan ek sûnder poatten. In Toerswel dy't op de grûn bedarret kin út himsels hast net wer op de wjukken komme. De poatsjes fan de toerswel kin er wol brûke om him oan muorren en rotsen fest te hâlden.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Toerswel is in echte ynsekteniter. Syn iten fynt er wylst er troch de loft jachtet. Syn bek kin foar dat doel in hiel ein iepen. Ôfhinklik fan it waar en it plak dêr't de fûgels it bêste ynsekten fine kinne, fleane se soms wol hûnderten kilometers fan harren koloanje om iten te sykjen. Foar harren jongen sammelje se wol in grut tal lytse ynsekten dy't se as in bal nei harren nêst bringe.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Toerswel komt begjin maaie yn Fryslân. Se sykje dan harren nêst op, meast ûnder de pannen fan it dak fan âldere huzen. De 2-3 aaien wurde yn 18-20 dagen útbret. De jongen bliuwe dan noch sa'n 6 wiken op it nêst. De âlden soarchje derfoar dat er iten komt. At de jongen útfleane kinne se harren selsstannich rêde en de hiele dei yn de loft bliuwe.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Ferwizing[bewurkje seksje | edit source]