The Buoys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

The Buoys wie in Amerikaanske 'progressive' rockband út de jierren 70. De band bestie út Bill Kelly (sjonger), Jerry Hludzik (basgitaar), Fran Brozena (keyboard), Carl Siracuse (drums), Chris Hanlon (gitaar); hja kamen út Wilkes-Barre yn Pennsylvania.

Har meast bekende nûmers wienen Timothy en "Give Up Your Guns", beide skreaun troch Rupert Holmes. "Timothy" helle it 17e plak op de Amerikaanse hitlist yn 1971, mar wie fral bekend om't it oer kannibalisme gie en dêrom net draaid waard troch in protte radiostasjons. It neifolgjend nûmer "Give Up Your Guns", oer in bankoerfaller, kaam net fierder as in 84e plak.
Yn [[Nederlân] lykwols waard dy lêste plaat twaris in hit. Yn 1972 (nei't it by Radio Veronica Alarmskiif west) helle it nûmer it 5e plak yn de Top 40 en yn 1979 it 8e plak.

Ein jierren 70 stapten Bill Kelly en Jerry Hludzik út de band om de nije band "Dakota" te foarmjen.

Yn 1993 waard it sammelalbum Timothy: Golden Classics útbrocht.