Springe nei ynhâld

Sylvia Kristel

Ut Wikipedy
Sylvia Kristel
akteur
Sylvia Kristel op it Filmfestival fan Cannes, yn 1990.
Sylvia Kristel op it Filmfestival fan Cannes, yn 1990.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sylvia Maria Kristel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 septimber 1952
berteplak Utert (Utert)
stoarn 17 oktober 2012
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 19731997
offisjele webside
gjint

Sylvia Maria Kristel (Utert, 28 septimber 1952 - Amsterdam, 17 oktober 2012) wie in Nederlânske aktrise. Kristel hat goed fyftich ynternasjonale films op har namme brocht, dêrneffens is hja ien fan Nederlân syn grutste filmaktrises.

Sylvia waard ynearsten ferneamd mei in reklamefilmke foar in tampon; 4 jannewaris 1973 smiet dat har de Miss TV Europa op.

Kristel spile lytse rollen yn Nederlânske spylfilms lykas Frank en Eva, Naakt over de schutting en Pastorale 1943. Sy briek ynternasjonaal troch yn 1973 mei har titelrol de Frânske eroatyske film Emmanuelle. Op 26 juny waard de film útbrocht yn Europa, Japan en de Feriene Steaten. Yn dy tiid hie Kristel in ferhâlding mei skriuwer Hugo Claus, fan wa't sy yn 1975 soan Arthur krige. Oant 1978 hâlde hja mei Claus yn Frankryk ta.

Kristel waard wrâldferneamd en spile noch yn twa oare Emmanuelle-films. Dêrnei ûntstie in populêr softpornosjenre dy't de earste 'Emanuelles' neidiene, ûnder oaren Black Emmanuelle (1974) mei Laura Gemser, dy't ek fan Utert wie.

Sylvia Kristel yn 1973

Kristel krige dêrnei ek filmrollen yn útsoarte net eroatyske films en spile yn in rige Frânske, Italjaanske en Amerikaanske films, neist akteurs as Gérard Depardieu, Michel Piccoli en Alain Delon en ûnder rezjy fan filmmakkers as Roger Vadim, Claude Chabrol, Alain Robbe-Grillet en Ken Annakin.

Kristel har meast wurdearre serieuze filmrol wie dy yn de magysk realistyske Alice ou la dernière fugue fan Chabrol. Yn Hollywood spile se njonken ûnder oaren Olivia de Havilland de haadrol yn Behind the Iron Mask; de lichte sekskomeedzje Private Lessons, mei de Nederlânske kameraman Jan de Bont, luts mear minsken oan as Emmanuelle. Roger Vadim makke in dokumintêre oer Kristel foar de Frânske telefyzje, Star Story.

Amearika en Europa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristel en Claus waarden goefreonen en Kristel krige in ferhâlding mei akteur Ian McShane. De relaasje rûn op de non troch allerhanne drank- en drugsproblemen, fral dy fan Kristel dy't nei Amearika ferhuze en nei in koart houlik mei in sakeman in minne tiid temjitte gie. Sy koe it lykwols bolwurkje en stoppe mei de drugs. Sy pakte har filmkarriêre wer op mei rollen de films Lady Chatterley's Lover en Mata Hari. Fanwege har twadde man, de filmregisseur Philippe Blot, bedarre hja lykwols in grutte jildkrapte mei it gefolch dat sy gienen út elkoar giene. Letter krige hja in relaasje mei Freddy de Vree en waard hja in keunstskilder mei súkses.

Projekten nei 2000

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2001 hie Kristel in lytse rol yn Vergeef me, de debútfilm fan Cyrus Frisch en fierders yn Lijmen/Het Been mei Willeke van Ammelrooy neffens de roman fan Willem Elsschot. 2003 waard kielkanker by har ûntdutsen, mar sy waard letter genêzen ferklearre. Partner Freddy de Vree stoar yn 2004. Yn 2006 arbeide Kristel op mei komponist Stephen Emmer oan it projekt Recitement, wijd oan poëzy en muzyk, wêrmei't hja itselde jier tegearre optreden op it Crossing Border-festival yn De Haach.

De autobiografy Naakt (Nue) ferskynde septimber 2006 yn Frankryk, dêr't Kristel ek altyd ferneamd bleaun is, en febrewaris 2007 yn Nederlân. Regisseur Michiel van Erp folge Sylvia Kristel yn 2006 foar it NPS-programma Het uur van de wolf, yn Nederlân en yn Parys by har media-omgang foar de lansearring fan har boek. Yn 2006 waard de lange Britske dokumintêre Hunting Emmanuelle oer Kristel makke foar Channel Four Television yn Londen, mei Jan Wellmann as regisseur.

Yn 2009 spile hja yn it teaterstik Wie weet overleeft de begeerte me wêryn't hja ferhelle oer har libben op it hichtepunt fan har karriêre, har leafdes en har ferslaving. Nei in aktearlins fan acht jier, spile hja 2010 wer yn de film Two Sunny Days en yn de telefyzjerige Le Ragazze dello Swing (the swing girls), oer it Trio Lescano.

Begjin 2012 kaam yn it nijs dat Kristel sloktermkanker hie. Juny krige hja in swiere oerhaal.[1] dy't har fataal wurden is.

In mei 2006 krige Kristel as regisseur yn New York in spesjale sjuerypriis fan it Tribeca Film Festival fan Robert De Niro foar de koarte animaasjefilm Topor et Moi, skreaun troch Ruud Den Dryver. Under oaren rocksjonger Lou Reed en aktrise en keunsteneresse Julia Stiles sieten yn de sjuery.

  1. Frank en Eva (1973) .... Sylvia
  2. Because of the Cats (1973) .... Hannie Troost
  3. Naakt over de schutting (1973) .... Lilly Marischka
  4. Emmanuelle (1974) .... Emmanuelle
  5. Der Liebesschüler (1974) .... Andrea
  6. Un linceul n'a pas de poches (1974) .... Avril
  7. Le jeu avec le feu (1975) .... Diana Van Den Berg
  8. Emmanuelle: L'antivierge (1975) .... Emmanuelle
  9. Une femme fidèle (1976) .... Mathilde Leroy
  10. La marge (1976) .... Diana
  11. Alice ou la dernière fugue (1977) .... Alice Caroll
  12. René la canne (1977) .... Krista
  13. Goodbye Emmanuelle (1977) .... Emmanuelle
  14. Pastorale 1943 (1978) .... Miep Algera
  15. Mysteries (1978) .... Dany Kielland
  16. Letti selvaggi (1979) .... Frou op bêd/Ungelokkige frou
  17. The Fifth Musketeer (1979) .... Maria Theresa
  18. Concorde ... Airport '79 (1979) .... Isabelle
  19. The Nude Bomb (1980) .... Agent 34
  20. Un amore in prima classe (1980) .... Beatrice
  21. The Million Dollar Face (1981) (TV) .... Brett Devereaux
  22. Lady Chatterley's Lover (1981) .... Lady Constance Chatterley
  23. Private Lessons (1981) .... Nicole Mallow
  24. Private School (1983) .... Ms. Regina Copoletta
  25. Emmanuelle IV (1984) .... Sylvia / Emmanuelle
  26. The Big Bet (1985) .... Michelle
  27. Mata Hari (1985) .... Mata Hari
  28. Red Heat (1985) .... Sofia
  29. Casanova (1987) (TV) .... Maddalena
  30. The Arrogant (1988) .... Julie
  31. Dracula's Widow (1988) .... Vanessa
  32. In the Shadow of the Sandcastle (1990) .... Angel
  33. [Hot Blood (1990) .... Sylvia
  34. Seong-ae-ui chimmuk (1992)
  35. Éternelle Emmanuelle (1993) (TV) .... Alde Emmanuelle
  36. La revanche d'Emmanuelle (1993) (TV) .... Alde Emmanuelle
  37. Emmanuelle à Venise (1993) (TV) .... Alde Emmanuelle
  38. L'amour d'Emmanuelle (1993) (TV) .... Aldere Emmanuelle
  39. Magique Emmanuelle (1993) (TV) .... Emmanuelle
  40. Le parfum d'Emmanuelle (1993) (TV) .... Emmanuelle
  41. Le secret d'Emanuelle (1993) .... Sylvia
  42. Le secret d'Emmanuelle (1993) (TV)
  43. Emmanuelle au 7ème ciel (1993) .... Emmanuelle
  44. "De eenzame oorlog van Koos Tak" (1996) - Muoike Heintje (1996) Episoade TV
  45. "Onderweg naar morgen" (1994) TV-rige .... Trix Odijk (1996)
  46. Die Sexfalle (1997) (TV) .... Nicole Fuchs
  47. Gaston's War (1997) .... Miep Visser
  48. Harry Rents a Room (1999) .... Miss Pinky
  49. Film 1 (1999) .... Patron
  50. An Amsterdam Tale (1999) .... Alma
  51. Lijmen/Het been (2000) .... Jeanne
  52. Die Unbesiegbaren (2000) (TV)
  53. Vergeef me (2001) .... Chiquita (op it toaniel)
  54. De vriendschap (2001) .... Sylvia
  55. Sexy Boys (2001) .... De seksuologe
  56. Bank (2002) .... Frou fan
  57. Two Sunny Days (2010) .... Angela
  58. The Swing Girls (2010) (TV) .... Eva de Leeuw
  • Nue (Naakt) (2006) mei Jean Arcelin
  • Begeerd en Verguisd - Het leven van Sylvia Kristel (2019) troch Suzanne Rethans

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedia, Sylvia Kristel
  1. Herseninfarct Sylvia Kristel