Sumatraanske pappegaaido

Ut Wikipedy
Sumatraanske pappegaaido

mantsje.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron oxyurus
Temminck, 1823
IUCN-status: gefoelich

De Sumatraanske pappegaaido (Treron oxyurus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is in griene do mei in relatyf ienfâldich fearrekleed en in lange en puntige sturt. It mantsje hat in feale oranje bân oer it boarst, mar dat is min te sjen. Doffers en wyfkes hawwe blaugriene snaffels en ljochtgriene eachringen. It hast hielendal oliifgriene bealchje fan 'e fûgel ferskilt fan oare pappegaaidowesoarten yn it ferspriedingsgebiet. De Sumatraanske pappegaaido hat wat fan 'e kilesturtpappegaaido, mar dy is krêftiger fan bou en hat in koartere sturt.

Fersprieiding en systematyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt yn 'e berchwâlden fan Sumatra en westlik Java foar. It is in monotypyske soarte, dat wol sizze dat der gjin ferdieling fan 'e soarte yn ûndersoarten is. Lykas oare pappegaaidowen komme se foar yn fruchthâldende beammen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oannommen wurdt dat de populaasje fan 'e Sumatraanske pappegaaido net grut is en dat de oantallen ôfnimme troch de ferneatiging fan it biotoop fan 'e fûgel. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de status fan 'e fûgel as gefoelich (hast bedrige).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: