Springe nei ynhâld

Strjitten yn Seisbierrum

Ut Wikipedy

De Strjitten yn Seisbierrum:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Achterom - Rint efter de hjoeddeiske Haadstrjitte en foarmet letterlik it 'efterom' foar dy wenningen. De measte huzen dêr binne ferdwûn, mar in soad huzen fan de Nije Buorren hawwe ek noch in formeel nûmer oan de efterside fan it persiel.
  • Adelenstrjitte -
  • Alde Buorren - Wie de âlde belangrykste dyk, mar nei dimpen fan de súdliker lizzende feart waard dat de Nije Buorren.
  • Buorfinneleane -
  • De Finne -
  • De Kampen -
  • De Tsjerke-ekers -
  • Dûkerstrjitte - Neamd nei Boargemaster Duker
  • Fliet - Wie in gracht yn ferline tiden
  • Frjentsjerterdyk - de dyk nei Frjentsjer
  • Frjentsjerterein - ein fan it doarp oan de kant fan Frjentsjer
  • Getswerdersyl - Getswerdersyl is in buorskip noardwestlik fan Frjentsjer.
  • Hearewei - Wie de dyk fan de twa tsjerken, mar letter wie de namme brûkt foar de dyk fan Easterbierrum oant Pitersbierrum, lâns Seisbierrum.
  • Hoarnestreek - Wie de alde dyk as ferbiningswei
  • Hottingabur -
  • Jan Baron fan Echtenstrjitte - Neamd nei Baron fan Echten.
  • Juckemaleane - Juckema wie in edel laach fan Stiens dat yn 1703 útstoar.
  • Kade - Wie it oanlisplak foar boaten en skûtsjes foar laden en lossen (molkfabryk en kroech).
  • Latsmaleane -
  • Liauckamaleane - Neamd nei it laach fan eallju en slot Liaukema.
  • Molepaad - Dyk fan it doarp oant mûne De Korenaer.
  • Nije Buorren - De Nije Buorren nei dimpen fan de feart dy't hjir rûn hat, de belangrykste dyk troch it doarp, ferfangt de Alde Buorren.
  • Ottemaleane -
  • Pastorijbuorren -
  • Pastorijreed -
  • Rients Westrastrjitte - nei de Seisbierrummer Rents Westra, fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
  • Sikstuswei - Neamd nei de Hillige Sikstus, paus fan Rome. De Herfoarme Tsjerke yn Seisbierrum is wijd oan Paus Sikstus. Sikstusbarra wie ien fan de âlde nammen foar Seisbierrum.
  • Skoalstrjitte -
  • Slachte - de Slachte is de eardere dyk om de Middelsee, is yn diel fan de dyk fan Frjentsjer nei Seisbierrum, eastlik fan Seisbierrum.
  • Spoardyk - Hjir rûn de it spoar fanút Stiens troch Tsjummearum, troch dizze strjitte nei it Stasjon fan Seisbierrum. It spoar rûn oan Harns ta. Opheft ± 1950.
  • Stasjonswei - de wei nei it stasjon fan Seisbierrum
  • Terp - Dyk yn it doarp dat de Terp fan Seisbierrum oprint.
  • Terppaad - Paad boppe-op de Terp fan Seisbierrum, yn stik om de top.
  • Tsjerk Hiddesstrjitte - seeheld Tsjerk Hiddes de Vries, berne yn Seisbierrum yn wat no de Alde Buorren hjit. In gevelstien jout it hûs oan.
  • Tsjerkebuorren - Buorren flakby de Herfoarme tjserke, rint oan de tsjerke ta.
  • Tsjerkepaad - Paad rûnom de tsjerke en it tsjerkehôf (Herfoarme tsjerke).
  • W Kroesestrjitte -
  • Walburgastrjitte - Walburgastate stie eartiids yn Pitersbierrum, no Seisbierrum
  • Waltaleane -