Stoenckherne

Ut Wikipedy
Stoenckherne mei sicht op de Iselmar en op Hylpen

Stoenckherne is in bûtendyksk lizzend natoergebiet tusken Warkum en Hylpen.

Stoenckherne oan de Iselmar

It kweldergebiet waard yn 1982 troch de destiidske steatssekretaris fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk oanwiisd as in beskerme natuermonumint fanwege "zijn natuurschoon en natuurwetenschappelijke betekenis".[1] De Fryske Iselmarkust wie sûnt 1991 in beskerme natuermonumint. Sûnt 2009 is it gebiet Stoenckherne diel fan it Natura 2000 gebiet Iselmar en wurdt de beskerming yn dit kader regele.

It gebiet mei bûtendykske terreinen en wetters omfet 5207 hektare. It bestiet út "ûndjip wetter, keale en begroeide sânplaten, moerassen, leech lizzende greiden en klifkusten".[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Oanwizingsbeslút 1982
  2. Ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje: Beschermd natuurmonument 'Stoenckherne'