Springe nei ynhâld

Stavronikita-kleaster

Ut Wikipedy
Stavronikita-kleaster
Μονή Σταυρονικήτα
Lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 16' N 24° 16' E
Kleastergegevens
oprjochting 10e-11e iuw
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Webside
inathos.gr
Kaart
Stavronikita-kleaster (Atos)
Stavronikita-kleaster

It Stavronikita-kleaster (Gryksk: Μονή Σταυρονικήτα) is in oan 'e hillige Nikolaas wijd eastersk-otterdoks kleaster yn 'e monastike steat fan 'e berch Atos, Grikelân. It waard boud op in hege rots midden oan 'e eastlike kust fan it skiereilân tusken it Iviron-kleaster en it Pantokratoros-kleaster. Op it stuit wenje der yn it kleaster likernôch 30 oant 40 muontsen. It Stavronikita-kleaster giet werom op 'e 10e iuw en stiet fyftjinde yn 'e rang fan 'e Atos-kleasters.

Der binne ferskillende tradysjes oer de komôf fan 'e namme. Neffens ien dêrfan is de namme in kombinaasje fan 'e nammen Stavros en Nikitas, muontsen dy't yn twa sellen op it kleasterterrein wenne ha. In oare tradysje ferhellet oer in Byzantynske ofsier mei de namme Niceforus Stavronikitas, dy't ûnder keizer Jehannes I Tzimiskes tsjinne, it kleaster boude en nei himsels ferneamd hawwe soe. De tredde tradysje wol hawwe dat in amter mei de namme Nikitas it kleaster stifte hat. Syn feestdei op 'e otterdokse hilligekalinder falt op 'e dei nei it Feest fan it Krús, dat it kleaster draacht de kombinaasje fan dy amtner syn namme en it wurdt stavros, dat it Grykske wurd foar 'krús' is.

Yn guon dokuminten wurdt it kleaster ek it kleaster fan 'e Teotokos neamd, wat betsjut dat it kleaster oarspronklik oan 'e Mem fan God wijd wie.

De ferskillende ferzjes oer de namme tsjutte op 'e dizige oarsprong fan it kleaster. In dokumint út 1012 wurdt troch de abt Nikiforos ûnderskreaun mei Nikiforos, muonts fan Stravonikita (ικηφόρος μοναχός ο του Στραβωνικήτα), wylst deselde muonts yn in dokumint út 1016 as fan Stavronikita (του Σταυρονικήτα) ûndertekene. Dat soe betsjutte dat der al in kleaster wie yn 'e earste helte fan 'e 11e iuw. Neffens de argeoloog Sotiris Kadas wie it kleaster ien fan 'e earsten op 'e berch Atos.

Akwadukt.

Dat iere diel fan 'e kleasterskiednis einige likernôch yn 'e earste helte fan 'e 13e iuw, doe't it kleaster ferlitten waard as gefolch fan 'e oanhâldende pirateoerfallen en de grutte gefolgen fan 'e Fjirde Krústocht foar it Byzantynske Ryk. It lege kleaster kaam ûnder de jurisdiksje fan oare kleasters en funksjonearre fierder as in lytse en isolearre mienskip. Yn 1533 ferkocht it Filotheou-kleaster it oan Gregorios Giromeriatis, de abt fan in kleaster út 'e omkriten fan Tesprotia. Jeremias I, de partriarch fan Konstantinopel, soarge der mei in edikt foar, dat it de status fan kleaster werom krige, itjinge it tal Atos-kleasters doe op twintich brocht. Stavronikita is dus it lêste kleaster dat op 'e berch Atos ynwijd waard. Gregorios Giromeriatis ferliet syn kleaster yn Tesprotia en naam syn yntrek yn Stavronikita. Hy liet in muorre om it kleaster en ek de katolikon bouwe. Nei syn dea yn 1540 liet patriarch Jeremias út wurdearring foar Gregorios Giromeriatis it wurk ôfmeitsje.

Stravonikita bleau altiten in lyts kleaster, sawol wat de grutte as wat it tal muontsen oanbelanget. It kleaster bleau yn ûntwikkeling efter troch bargebiten mei oare kleasters en lytse, oanbuorjende kleastermienskippen, spul oer de grûn en twa grutte brannen yn 1607 en 1741. Oan 'e oare kant groeide it kleaster. Yn 1628 waard de katolikon restaurearre en yn 1770 waarden in grut akwadukt oanlein en de Demetriuskapel, de Aartsingelskapel en de Kapel fan 'e fiif Martlers boud.

Mei de Grykske Unôfhinklikheidskriich ûntstienen oan it begjin fan 'e 19e iuw op 'e nij drege tiden foar it kleaster. De ynfal fan it Ottomaanske leger yn Atos hie as gefolch dat Stavronikita en oare kleasters leech rûnen. De muontsen kamen nei de ôftocht fan 'e Turken werom, mar dêrnei waard it kleaster troffen troch brannen yn 1864, 1874 en 1879. Der folge weropbou, mar troch de kosten rekke it kleaster yn 'e reade sifers, itjinge op 'e nij foar ferfal soarge.

Fresko's yn 'e apsis fan 'e katolikon.

Stavronikita is it lytste kleaster fan alle kleasters op Atos. Byldbepalend binne de toer by de tagong, it akwadukt en de iuwenâlde sypressen bûten de westlike hoeke fan it kompleks. De oan Nikolaas wijde katolikon is de lytste katolikon fan alle kleasters op Atos. De tsjerke waard fersierd mei fresko's en in ikonostaze mei wurk fan de ikoaneskilder Teofanus fan Kreta en syn soan Simeon. De refter is op 'e boppeferdjipping fan 'e súdlike kant fan it kompleks en is ek dekorearre mei wichtige muorrebeskilderings.

Yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw stie it kleaster gruttendiels leech en stadichoan ferfoel it kompleks. Troch in rige ierdskoddings rekke ek de rots, dêr't it kleaster op boud is, ynstabyl. Grutte soargen wiene der oer de takomst fan it kleaster, om't it bliken die dat de rots stadich ôfbrokkele en nei de see like te gliidzjen.

In organisaasje foar it behâld fan it Atos-erfguod ûndernaam op 'e tiid aksje en sette útein mei de restauraasje fan it kleaster. Fan 1981 oant 1999 ûndergyng it kleaster in grutte renovaasje en sûnt waard ek de rots stabilisearre.

Kulturele skatten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster besit in ferneamd ikoan út de 14e iuw fan 'e hillige Nikolaas, bekend ûnder de namme Streidas (Άγιος Νικόλαος ο Στρειδάς, "Sint-Nikolaas fan 'e Oester") om't in oester, doe't de ikoan tafallich op 'e boaiem fan 'e see fûn waard, him fêstbiten hie op it plak fan 'e foarholle fan Nikolaas. Neffens de tradysje soe de foarholle fan 'e hillige by it ferwiderjen fan 'e oester blet ha.

Stavronikita hat in belangrike samling ikoanen en reliken. Ek besit it kleaster lyturgyske klaaiing en oare weardefolle saken. De bibleteek hat 171 manuskripten, wêrfan't 58 skreaun binne op perkamint. Guon manuskripen binne mei miniatueren dekorearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Stavronikita


Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje