Stasjon Tsjummearum

Ut Wikipedy
Stasjon Tsjummearum yn 1913
It stasjon yn 2003

Stasjon Tsjummearum (Tzum) wie in stasjon oan it spoar fan Stiens nei Harns. It stasjon fan Tsjummearum, boud yn 1901, wie iepene fan 2 desimber 1902 oant 1 desimber 1940. De stavering op it nammeboerd fan de gevel is "Tjummarum". Dit is opmerklik, omdat dit ôfwykt fan de Fryske én de Nederlânske stavering.

It stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dat benammen brûkt waard foar stasjons yn Fryslân. It stasjon yn Tsjummearum foel binnen it type NFLS halte 1e klasse. Sa út en troch wie it nei de sluting noch wol yn gebrûk. It waard op 't lêst troch de NS ferkocht oan de gemeente Barradiel. It stasjonsgebou krige doe in wenbestimming. De lêste bewenster hat healwei de jierren tachtich it stasjonsgebou ferlitten. Dêrnei hat it jierren leech stien en stie der ein jierren njoggentch jammerdearlik by. Oan it begjin fan it nije millennium kamen lykwols Europeeske subsydzjes beskikber foar it opknappen fan yndustrieel erfguod. De stichting DBF (Doarp en Bedriuw Fryslân) hat de restauraasje fan it stasjonsgebou op him nomd. De restauraasje wie ein septimber 2003 dien. Op 5 desimber 2003 is it stasjonsgebou feestlik weriepene troch Ed Nijpels (kommissaris fan de Keninginne Fryslân), frou M.J. Haveman (boargemaster Frjentsjerteradiel) en Sinteklaas.

Troch de restauraasje is de bûtenkant wer folslein yn de âlde, orizjinele steat wersteld. Binnen is it stasjonsgebou, mei oandacht foar de histoaryske eleminten, geskikt makke foar bedriuwsdoeleinen. Sa is bygelyks it loket bewarre bleaun. By de restauraasje is ek it perron wersteld en is der wer in stik rails dellein. Ek de bygebouwen binne restaurearre. Ien fan dizze bygebouwen is it âlde retiradegebou (toilet). Yn de retirade sit in permaninte tentoanstelling fan de âldheidkundige feriening Barradiel, mei ûnder oare in skaalmodel fan it stasjon en in fideopresintaasje mei in oersjoch fan de histoarje fan it stasjon.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: