SoulDada

Ut Wikipedy
SoulDada

SoulDada wie oant 2012 in Fryske band om Herman Woltman hinne. Dizze sjonger, gitarist en toetsenist makket mankelike lietsjes op Súd-Amerikaanske en Súd-Jeropeeske muzyk. De groep bringt dy lietsjes yn ferskate talen wêrûnder Frysk, Afrikaansk, Portugeesk, Gryksk, Frânsk en Nederlânsk. Núnder en Salsabern binne in pear fan de Fryske nûmers. Baukje Wytsma sette de bossa nova Mais feliz oer yn Gelok.

Souldada bestiet neist Woltman út Carel van Leeuwen (sello), Maeike Sijtsma (sang), Femke Hoeksma (sang), Bart Soeters (basgitaar) en Willem Smid (perkusje).

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Souldada (CD, 2005)
  • Canção (CD, 2007)
  • Dutch World Music, Vol. 1 ( CD mei oaren, 2007)
  • Oer de grins (CD 2011)
  • Watervolk (CD 2013)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: