Slach by Tolbiak

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dooptafereel fan Klovis yn Reims

De Slach by Tolbiak barde yn 496. Yn dizze slach waarden de Allemannen alhiel ferslein troch de Franken, dy't ûnder lieding stienen fan de Salyske-Frankyske kening Klodovech, en de Ripuarysk-Frankyske kening Sigebert.

Oanlieding[bewurkje seksje | edit source]

Under Klodovech besochten de Allemannen foarfêst foet te krijen yn de omjouwing fan Keulen, dêr't de Ripuaryske Franken wennen. Harren kening Sigebert frege help by Klodovech en tegearre lutsen de Frankyske legers ten stride tsjin de Allemannen. Nei in wikseljend kriichsferrin troffen de legers inoar by it stedsje Zülpich yn Noardryn-Westfalen (Latyn: Tolbiacum).

De fjildslach[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de oerlevering soe kening Klodovech foar it begjin fan de slach in belofte dien hawwe oan de god fan syn katolike frou Klotildis, dat as er de slach wûn, hy him ta it kristlik leauwen bekeare litte soe. De Franken wienen súksesfol yn de slach en krongen nei de oerwinning djip it lân yn fan de Allemannen. Op Earste Krystdei 496 liet Klodovech him yndied yn Reims dope troch de letter hillich ferklearre biskop Remigius.

Neisleep en gefolch[bewurkje seksje | edit source]

De fersleine Allemannen waarden nei it suden jage. Yn Raetsje stjitten de Franken lykwols op it leger fan de Ostrogoatyske kening Diderik en kearden tebek. De flechte Allemannen waarden talitten yn it Ostrogoatyske Ryk. It noardlike part fan harren eigen grûngebiet rekken sy kwyt oan de Franken en de efterbliuwers fan har folk moasten yntegrearje yn it Frankyske Ryk.

Troch dizze oerwinning soe it Frankyske Ryk in katolike steat wurde.