Slach by Finnburg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Slach by Finnburg is in legindaryske fjildslach tusken Friezen en Denen, dêr't net wis fan is oft dizze ea plak fûn hat. De slach is oerlevere yn in twatal ier midsieuske skriften, it Finnburg Fragmint en de Beowulf.

It ferhaal[bewurkje seksje | edit source]

Neffens it Finnburg fragmint kaam de Deenske prins Hnaef mei syn gefolch fan sechstich striders de winter trochbringen op de Finnburg, it stee fan syn Fryske sweager Finn, kening fan de Friezen. Der ûntstie lykwols spul tusken Denen en Friezen -de fersen jouwe lykwols gjin ynformaasje wêrom dat barde- en bruts der in gefjocht út dy't fiif dagen duorre. It fragmint jout likemin útslútsel oer wa't de slach wint en einiget hoopstoops. Gelokkich is der in passaazje yn it epyske fers Beowulf, dêr't Hrothgar's de bard in liet yn sjongt oer de ôfrin fan de slach dy't de Freswael neamd wurdt, de "Fryske Slachterij", dat itselde ferhaal is fan it Finnburg fragmint.

Ut de Beowulf kin opmakke wurde, dat de slach wûn waard troch de Friezen. Fierders sneuvelt de Deenske prins Hnaef yn de striid, mar heart ek Finn syn soan by de fallenen. Uteinlik slute beide partijen frede, en mei Hingest de nije lieder mei de oerlibjende Denen ôfreizgje.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]