Skotske Heechlanner
De Skotske Heechlanner is in âld Skotsk koweras mei lange hoarnen en lang hier op de hûd.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ras is untstien yn de Heechlannen en it gebiet oan de westkust fan Skotlân. Fokfee is al yn de 19e iuw nei Noard-Amearika en Austraalje eksportearre. It ras hat him ûntwikkele út rassen mei twa ferkillende kleuren; ien part wie swart, it oare wie readeftig. Hjoed de dei binne de Skotske heechlanners der yn in ferskaat fan kleuren.
Stofwiksel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skotske heechlanners binne ferneamd as in tige sober ras, se ite planten dy't oare kij stean litte. Dat is wierskynlik te tankjen oan de rûge natuer wêryn it ras ûntstien is. It fleis fan heechlanners is meagerder as dat fan de measte kij, trochdat de Heechlanners harren warmte better festhâlde mei harren dikke lange hier as mei fet.
Natuergebieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit koweras is tige geskikt om it jier rûn yn natuergebieten brûkt te wurden om de gebieten iepen te hâlden. Se hawwe net folle soarch nedich en se binne normaal ek net agressyf. Se wurde yn Nederlân dan ek yn ferskate grutte natuergebieten brûkt, bygelyks yn de Lauwersmar.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skotlân: The Highland Cattle Society (Ingelsk)
- The Highland Cattle World Directory (Ingelsk)