Sjoukje Hooymaayer
Sjoukje Hooymaayer | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sjoukje Marijke Hooijmaaijer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 july 1940 | |
stoarn | 19 septimber 2018 (78 jier) | |
jierren aktyf | 1971 - 2018 | |
prizen | Sjoch tekst | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Sjoukje Hooymaayer (echte namme: Sjoukje Marijke Hooijmaaijer; Laren (Noard-Hollân), 27 july 1940 – Hilfertsom, 19 septimber 2018) wie in Nederlânske aktrise.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stúdzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se studearre mei ûnder oare Carol van Herwijnen en Jeroen Krabbé oan de Toanielskoalle Amsterdam. Har eineksamenklasse ûntfong de Top Naeff-priis (1965).[1][2] Fan 1965 oant 1980 wie se ferbûn oan Toneelgroep Theater en fan 1981/1982 oan de Haagse Comedie, dêrnei wurke se as freelance aktrise.
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hooymaayer spile ferskate grutte rollen op toaniel en foar telefyzje: yn likegoed komeedzje as drama, modern as klassyk toaniel. In tal foarbylden: fan Goldoni spile hja ûnder oare Giachinta yn de trilogy Het Buitenverblijf en Mirandolina yn De Herbergierster. Ek spile se Shakespeare: ûnder mear Olivia yn Driekoningenavond, Rosalinde yn Naar het u lijkt en ien fan de Vrolijke vrouwtjes van Windsor. Dêrneist hie se in rol yn fiif stikken fan Alan Ayckbourn, dêr't Wat een gekke man... en z'n vrouw dan..., De Tafel van Tien en de trilogy Zo zijn onze manieren by wiene. Ek wie se noch te sjen yn De Rit over het Bodenmeer en Neil Simons The prisoner of 2nd avenue.
Sy stie yn stikken fan skriuwers as in Joe Orton, G.B. Shaw, Marivaux, Ibsen, Ödön von Horváth, Botho Strauß en Marguerite Duras. Foar har rol fan Butler yn Kleine Alice fan Edward Albee krige hja de teäterpriis "Colombina".
Telefyzjewurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op telefyzje wie se te sjen yn ûnder oaren de rol fan keningin yn Vorstenschool fan Multatuli en yn Verhalen van Boccaccio. Teffens hie se twa lietsjesprogramma's mei de Belgyske sjonger Miel Cools en in programma mei lieten fan Boris Vian yn 'e mande mei André van den Heuvel.
By it grutte publyk waard se ferneamd troch har rol fan dokter Lydie van der Ploeg yn de suksesfolle VARA-rige Zeg 'ns AAA. It programma wûn yn 1984 de Gouden Televizier-Ring. Nei Zeg 'ns AAA spile se yn de telefyzjerige Zonder Ernst; dêryn hie se de rol fan Jet, dochter fan Ellen Vogel, mem fan Ellemijn Veldhuijzen van Zanten en freondinne fan Marnix Kappers.
Under har wurk foar telefyzje stie se ek mei Hans Cornelissen en Luc Lutz, op de planken mei it stik Mijnheer Lievegoed, mei Ton van Duinhoven yn Wat is er met Melvin? en mei André van den Heuvel yn De Kreek. Mei Manfred de Graaf spile se yn sawol Het Hemelbed as yn Candida.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hooymaayer wie troud mei akteur en regisseur René Lobo (1940-2015). Yn april 2018 waard bekend dat sy in foardere stadium fan aaistôkkanker hie. Fuortdêrnei liet se witte, dat se har net behannelje liet. In moanne letter stie se yn teäter Carré foar de lêste kear yn de musical My Fair Lady. Sjoukje Hooymaayer ferstoar yn septimber 2018 yn de âldens fan 78 jier. Sy waard beïerdige op begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arsène Lupin - Telefyzjesearje - Hélène (ôfl. La chaîne brisée, 1971)
- Ieder zijn deel - Telefyzjesearje - Rol net bekend (1977)
- Nestwarmte - Televisiefilm (1981) - Rol net bekend
- Knokken voor twee (1982) - Mem fan Ruud
- Zeg 'ns Aaa - Telefyzjesearje - Dokter Lydie van der Ploeg (1981-1993)
- Ha, die Pa! - Telefyzjesearje - (ôfl. Het witte bruggetje, 1992) - Hanna Schwartz
- 12 steden, 13 ongelukken - Telefyzjesearje - (ôfl. Kunstgrepen, 1994) - Frou de Wind
- Zonder Ernst - Telefyzjesearje - Jet Valkenburg (1994-1998)
- Hartslag - Telefyzjesearje - Romy Snel (ôfl. Auf Wiedersehen, 2002)
- Liever verliefd (2003) - Sylvia
- Meiden van De Wit - Heleen Savernije (ôfl. Supershake, 2003)
- Sinteklaassjoernaal - Telefyzjesearje - Mem fan Post Piet (2004)
- Boks - Telefyzjesearje - Marjolein Koch (ôfl. De heksenkring, 2006)
- Grijpstra & de Gier - Telefyzjesearje - Carola Kelleman (ôfl. Jailhouse Rock, 2007)
- Zeg 'ns Aaa (2009) - Telefyzjesearje - Dokter Lydie van der Ploeg (gastrol)
- Elvis leeft! (2011) - Alde dame
- Dokter Tinus (2013 & 2015) - Telefyzjesearje - Margriet Elsenbosch, mem fan dokter Tinus (gastrol)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sjoukje Hooymaayer fan Wikimedia Commons. |