Springe nei ynhâld

Sint-Laurentiuskatedraal (Lugano)

Ut Wikipedy
Sint-Laurentiuskatedraal

Cattedrale di San Lorenzo

bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Ticino
plak Lugano
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boustyl Ferskate boustilen
offisjele webside
Side bisdom

De Sint-Laurentiuskatedraal (Italjaansk: Cattedrale di San Lorenzo) is de biskopstsjerke fan it roomske bisdom Lugano yn Lugano yn it kanton Ticino, Switserlân.

De oan de hillige Laurentius wijde tsjerke waard yn 818 as parochytsjerke stifte. Yn 1078 waard it in kollegiale stiftstsjerke. Sûnt 1971 is de tsjerke de katedraal fan it bisdom Lugano. De tsjerke waard tusken 2010 en 2017 renovearre.

Arsjitektuer en ynrjochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Cappella della Madonna delle Grazie

De oarspronklike romaanske bou hie in eastlike oriïntaasje. Under it tsjerkeplein waarden by opgravings resten fan in apsis fûn. Yn de 15e iuw waarden de tsjerke yn goatyske styl fergrutte en krúsribferwulften ynbrocht. De oriïntaasje waard feroare en it nije koer kaam yn it westen te lizzen. De renêssânse gevel mei it rike byldhouwurk ûntstie yn 1517. De ûnderbou fan de toer is noch romaansk, mar krige yn de 17e iuw twa barokke boppeferdjippings mei in achthoekige lantearne.

De bôgen en pylders yn de tsjerke binne noch romaansk. It koer, de sydskepen en de ferwulften binne dêrfoaroer goatysk. It haadalter en mear saken fan de ynrjochting binne barok. De mei in koepel bekroande Cappella della Madonna delle Grazie (Madonnakapel fan de genede) waard yn de 18e iuw oanboud en is tige ryk oan barok byldhouwurk.

Ut de tiid fan de grutte feroaring yn de jierren 1901-1910 datearje de neoromaanske fresko's oan de muorren en gewelven.

It oargel waard yn 1910 troch de Italjaanske oargelbouwer Mascioni út Azzio boud. It ynstrumint hat 28 registers (mei likernôch 2.300 pipen) op twa manualen en pedaal. De traktueren binne pneumatysk. Achter it heechalter is noch in twadde piipoargel, dat yn 1988 troch Goll út Luzern boud waard. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale San Lorenzo (Lugano)