Springe nei ynhâld

Sint-Kilda

Ut Wikipedy
Lokaasje fan Sint-Kilda
De Sint-Kilda-arsjipel
Klif fan Stac Levenish
Boreray, Stac Lee, en Stac an Armin (lofts) fanôf de hichte Conachair sjoen
The Street yn 1886

Sint-Kilda (Skotsk-Gaelysk: Hiort) is een arsjipel fan de Bûtenste Hebriden, sa'n 150 km út de Skotske kust. De wichtichste eilannen binne Hiort of Hirta, Soaigh of Soay, Dun en Boraraigh of Boreray. It totale oerflak berint sirka 840 hektare. De arsjipel is fan fulkanyske oarsprong. It sintrum fan de fulkaan lei tusken Boreray en Hirta.

De oarsprong fan de namme fan de arsjipel is net dúdlik. Der hat nea in hillige bestien dy't fan Kilda hiet. De namme soe in ferbastering wêze kinne fan it Ald-Noarske sunt kelda (= swiet saadswetter) of skildir (skilden).

Sint-Kilda hat teminsten 2000 jier bewenne west; de befolking hat wierskynlik nea boppe de 180 sitten en nei 1851 net boppe de 100 persoanen. De hiele mienskip is yn 1930 evakuearre. No wennet der allinne noch militêr personiel.

De eilannen hawwe in soad archeologyske objekten dy't tsjûgje fan minsklike bewenning yn prehistoaryske- en histoaryske tiden, mar de earste skreaune ferslaggen binne fan de lette Midsiuwen. It midsiuwske doarp op Hirta (The Village) waard yn de 19e iuw werboud, mar religieuske iver, sykten troch toeristen meibrocht en de Earste Wrâldkriich hawwe allegearre harres dien ta de evakuaasje yn 1930. It ferhaal fan St Kilda hat keunstners ynspirearre, der is sels in opera fan makke.

De hiele arsjipel is fan de National Trust for Scotland. It is yn 1986 ien fan de fiif Wrâlderfgoedlokaasjes fan Skotlân wurden, sawol út reden fan kulturele- en natoerkwaliteiten. De eilannen foarmje it briedplak fan wichtige fûgelsoarten sa as Noardske Ginten, Atlantyske papegaaidûkers en Noardske Fulmars (in seefûgelsoarte). It St Kilda-tomke en St Kilda-fjildmûs binne lânseigen ûndersoarten. Frijwilligers binne simmerdeis dwaande mei it restaurearjen fan de ruïnes fan de gebouwen fan de oarspronklike Kildianen. Der is in lytse militêre (radar)post op Hirta sûnt 1957.

De Saint Kilda-arsjipel is it wichtichste briedplak foar seefûgels yn Noard-west Europa en Skotlâns earste plak op de Wrâlderfgoedlist. De grutste koloanje seeskoeten yn de wrâld is dêr ek de grutste koloanjes seepappegaaien en Noardske stoarmfûgels fan Grut-Brittanje. Totaal briede der mear as in miljoen fûgels op de kliffen.

De lêste reuze-alk fan de Britske eilannen soe yn 1840 troch de eilanners deamakke wêze - it is de hjitting dat se it bist foar in heks oanseagen dy't stoarmwaar feroarsake hie. De allerlêste eksimplaren binne yn 1844 op Yslân deadien.

De eilannen, benammen Hirta, hawwe noch hieltyd lânseigen ûndersoarten fan it Sint-Kildatomke (wurdt rûsd op sa'n 113-117 pearkes) en Sint-Kildafjildmûs. Sy soene besibbe wêze oan Skandinavyske populaasjes dat de Noarmannen sille se yndertiid wol meinaam hawwe. De St Kilda-hûsmûs fan Hirta is lykwols nei de evakuaasje útstoarn.

It eilân Soay herberget de oarspronklike populaasje fan it Soayskiep en op Boreray komme ferwyldere skiep fan it ras Old Scottish Blackface foar. Fierders hiene hja eartiids noch it saneamde Sint-Kildaskiep, dat in op de arsjipel ûnstiene kweekfoarm wie. De 2000 skiep binne yn 1930 meinaam troch de Kildianen.

Troch de isolaasje fan de arsjipel is it bioferskaat beheind. Sa komt it dat der mar 58 flinter- en motflintersoarten foarkomme. Op de westlike eilannen fan de Hebriden binne dat bygelyks 367 soarten.[1] It plantelibben wurdt tige beynfloede fan it sâlte stowetter fan de oseaan, de hurde wyn en de earme feanboaiem. Der waakse gjin beammen, mar der komme wol mear as 130 ferskillende bloeiende planten foar, 162 soarten swammen en 160 soarten bryofyten. Under de 194 koarstmoassoarten binne ferskate seldsume. Kelp docht it goed yn de wetters rûnom, dy't ek in grut ferskaat oan weakdieren hawwe.

  • Baxter, Colin and Crumley, Jim (1998) St Kilda: A portrait of Britain's remotest island landscape, Biggar, Colin Baxter Photography, ISBN 0-948661-03-8 Ingelsk
  • Buchanan, Margaret St Kilda: a Photographic Album, W. Blackwood, 1983, ISBN 0-85158-162-5 Ingelsk
  • Coates, Richard (1990) The Place-names of St Kilda, Lampeter, Edwin Mellen Press, ISBN 0-88946-077-9 Ingelsk
  • Fraser Darling, F., and Boyd, J.M. (1969) Natural History in the Highlands and Islands, London, Bloomsbury ISBN 1-870630-98-X Ingelsk
  • Fleming, Andrew (2005) St. Kilda and the Wider World: Tales of an Iconic Island, Windgather Press ISBN 1-905119-00-3 Ingelsk
  • Harvie-Brown, J.A. and Buckley, T. E. (1888), A Vertebrate Fauna of the Outer Hebrides. Pub. David Douglas., Edinburgh. Ingelsk
  • Haswell-Smith, Hamish (2004) The Scottish Islands, Edinburgh, Canongate ISBN 1-84195-454-3 Ingelsk
  • Keay, J., and Keay, J. (1994) Collins Encyclopaedia of Scotland, London, HarperCollins ISBN 0-00-255082-2 Ingelsk
  • Maclean, Charles (1977) Island on the Edge of the World: the Story of St. Kilda, Edinburgh, Canongate ISBN 0-903937-41-7 Ingelsk
  • MacGregor, Alasdair Alpin (1969) The Farthest Hebrides, London, Michael Joseph Ltd. ISBN 0-7181-0691-1 Ingelsk
  • Martin Martin (1703) "A Voyage to St. Kilda" yn A Description of The Western Islands of Scotland, Appin Regiment/Appin Historical Society. Retrieved 3 maart 2007 Ingelsk
  • Murray, W.H. (1966) The Hebrides, London, Heinemann Ingelsk
  • Quine, David (2000) St Kilda, Grantown-on-Spey, Colin Baxter Island Guides ISBN 1-84107-008-4 Ingelsk
  • Steel, Tom (1988) The Life and Death of St. Kilda, London, Fontana ISBN 0-00-637340-2 Ingelsk
  • Williamson, Kenneth; & Boyd, J. Morton. (1960). St Kilda Summer, London, Hutchinson Ingelsk
  • Eilanden fan Boudewijn Büch (1996 achtste printinge, De Arbeiderspers), ISBN 90-295-0840-X.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "St Kilda National Nature Reserve: 'A world apart'." (PDF) Scottish Natural Heritage. Retrieved 18 March 2007.