Sinne-enerzjy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sinne-enerzjy is enerzjy fan de sinne yn de foarm fan waarmte en ljocht. Dizze enerzje, mei sekundêre foarmen as wynenerzjy, tij-enerzjy, wetterkrêft en biomassa foarmet mear as 99,9% fan alle wernijbere enerzjy op Ierde.

De sinne is een stjer dy't gemiddeld op 150 miljoen kilometer ôfstân fan de ierde stiet. De enerzjy dy't de sinne útstrielet ûntstiet troch kearnfúzje. De atmosfear en de magnetosfear (it magnetysk fjild fan de ierde) beskermje it libben op ierde tsjin it grutste diel fan de skealike strieling dy't de sinne neist ljocht en waarmte ek útstrielet. De hoemannichte enerzjy dy't de ierde berikt, is ± 9000 kear grutter as de enerzjybehoefte fan alle 6,5 miljard ierdbewenners mei elkoar. De enerzjy berikt de ierde as ljocht en waarmtestrieling, in griemmank fan elektromagnetyske strieling fan ferskate golflingten, foar 99% lizzend tusken 300 en 3000 nm. (De golflingten fan sichtber ljocht falle tusken 390 en 780 nm).

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]