Siktaris Eringawyk

Ut Wikipedy

De Siktaris Eringawyk is in sleat yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint fan Drachtster Kompenije oant sawat de Jankedobbe oan de N358 ta. Parallel oan dizze wyk rinne oan de noardkant de Imerwyk en oan de súdkant de Swarte Wyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Siktaris Eringawyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Siktaris Eringawijk.