Seekij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Manatee.jpg

De Seekij (Sirenia) is in skift fan seesûchdieren, yn de klasse fan de Sûchdieren. Seekij binne herbivoaren dy't yn ûndjip kustwetter libje.

Oanpassings oan it wetter[bewurkje seksje | edit source]

Al is in seeko in sûchdier, hy ferskilt in soad fan oare sûchdieren om't er him oanpast hat oan it libben yn it wetter. It lichem is torpedofoarmich wurden. De earms binne finfoarmich wurden, al hawwe se meast al noch neilen. De skonken binne ferdwûn, en fan de skammel is allinnich in oerbliuwsel tebek; it ûnderliif is feroare yn in grutte sturtfin dy't de seeko op en del gean lit om foarút te kommen. De foarm fan de kop is ek oanpast oan it wetter. De eagen binne lyts en de bûtenste parten fan de earen binne fuort. Ek kin de seeko ûnder wetter syn noasgatten ôfslute.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

Seekij binne ûntstean út lânsûchdieren dy't in evolúsjonêre nis follen dy't se ek hjoeddeisk noch hast allinnich folje: It gêrskjen yn leech seewetter. Se kamen ier yn it Eoseen al foar yn Jeropa, en yn de rin fan it Eoseen hawwe se harren oer hiel de tropen ferspraat. It tal fan seekij wie it grutst yn de tropyske natuer fan it Mioseen.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Ek hjoed de dei libje seekij yn tropysk wetter. Se libje yn in soartemint fan keppels, famyljes dêr't eltse seeko solitêr yn libbet, mar net al te fier útelkoar. Guont seekij kinne sântich jier âld wurde.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

De seekij (Sirenia) binne in oarder fan seesûchdieren, besibbe oan de Slurfdieren (Proboscidea), mei twa hjoeddeiske famyljes:

Ek binne der in pear útstoarne famyljes.

Mytyske seekij[bewurkje seksje | edit source]

Seekei mei it boppenliif út it wetter wurde wol sjoen as de oarsprong fan ferhalen oer mearminnen en sirenen. Dizze útlis is ek de oarsprong fan de Latynske namme fan de seekij.