Scipione Riva-Rocci

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Scipione Riva-Rocci

Scipione Riva-Rocci (Almese, 7 augustus 1863Rapallo, 15 maart 1937) wie in Italjaansk ynternist en bernedokter dy't foaral ferneamd wurden is fan de ûntwikkeling fan in ienfâldich te brûken bloeddrukmjitter (sphygmanometer) mei in kwikkolom. De algemien brûkte oantsjutting RR foar bloeddrukmjitting, betsjut Riva-Rocci.

Riva-Rocci studearre medisinen oan de Universiteit fan Turyn, helle yn 1898 syn bul en wie fan 1900 oant 1928 direkteur fan it sikehûs yn Varese.

Neurosjiruch Harvey Cushing ferbettere it apparaat en spile in grutte rol yn it omtinken jaan foar Riva-Rocci syn kwik-sphygmomanometer yn de medyske wrâld.

Riva-Rocci hat ek in bydrage levere oan it ûntwikkeljen fan medisinen foar longsyktes; fral die er ûndersyk nei longtuberkuloaze. As jonge dokter assistearre er Carlo Forlanini by de technyk fan iatrogene pneumothorax (it mei opstet sin feroarsaakjen fan in klaplong om de oandiene long stil te lizzen en sa rêst te jaan) by de behanneling fan longtuberkuloaze.

Tsjintwurdich wurdt Riva-Rocci's bloeddrukmjitter hieltiten mear ferfongen troch elektronyske mjitters.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Un nuovo sfigmomanometro. ('In nije bloeddrukmjitter') Gazz Med Torino 47 (1896) 981, 1001

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]