Skäddel
Appearance
(Trochferwiisd fan Schäddel)
Skäddel of Schäddel (Dútsk: Scharrel) is in doarp yn it suden fan it Sealterlân, mei 2.478 ynwenners (juny 2006).
It dialekt fan Skäddel is it súdlikste dialekt fan it Sealtersk. De namme fan it doarp komt fan Schar - lo: klif - wâld. Dat klif koe dan de 6m hege Halkoouger by it doarp wêze.
Oan de westkant fan Skäddel leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Ta it doarp wurde ek de buorskippen Bäätholt, Heeselbierich, Loanghorst, Näiwaal, Knülke en Skäddelerdom rekkene. De eardere buorskip Seedelsbierich is no in selsstannich doarp.
Skäddel is it "Gouddoarp 2011" yn it distrikt Kloppenburch.
Sealterfryske strjitnammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hambierich (berch of terp)
- Di Littje Wai (de lytse wei)
- Piepkebierich (berch of terp)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skäddel is it "Gouddoarp 2011" yn it district Kloppenboarch hjir en hjir
- Skäddeler mûne "Hanekamps Windmühle