Sandrine Bonnaire

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sandrine Bonnaire
Bonnaire op it 66e Festival de Venice

Sandrine Bonnaire (Gannat, 31 maaie 1967) is in Frânske aktrise, dy't meispile yn mear as 40 films.

Bonnaire aktearre al doe't hja 16 jier wie (1986) en spile in rol yn de film À nos amours fan Maurice Pialat. De film giet oer in famke dy't har seksualiteit ûntdekt. Se krige der yn 1984 in César foar.

Har ynternasjonale trochbrekken kaam yn 1986, doe't hja de haadrol spile yn Sans toit ni loi (Vagabond), fan de regisseur Agnès Varda. It smiet in twadde César op. Hja is in misdiedichster dy't fysyk en moreel tekoart sjit. De film Monsieur Hire regissearre fan Patrice Leconte folge yn 1989. Yn 2004 spile se in moaie haadrol yn in oare film fan Patrice Leconte, Confidences trop intimes.

Bonnaire hat in dochter út har ferhâlding mei William Hurt, dy't hja kennen learde op de set fan de film La Peste (1991), nei in roman fan Albert Camus. Tegearre silen hja ek yn Secrets Shared with a Stranger (1994). Yn maart 2003 troude hja mei akteur en senarioskriuwer Guillaume Laurant.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Regisseur[bewurkje seksje | edit source]

  • 2007 - Elle s'appelle Sabine