SS Great Eastern

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
SS Great Eastern, 1866
De Great Eastern yn New York, 1860

De Great Eastern wie in yn syn tiid kolossaal syl-stoomskip dat yn 1857 boud waard neffens in ûntwerp fan de ferneamde Britske yngenieur Isambard Kingdom Brunel.

It skip waard boud by J. Scott Russell & Co. yn Millwall oan de Teems, Londen. Op it stuit dat sy te wetter litten waard yn 1858 wie it fierwei it grutste skip dat ea makke waard. Sy hie kapasiteit foar 4000 passazjiers en koe de wrâld omsile sûnder te bunkerjen. Wat har lingte fan 211 meter oanbelanget waard sy alline foarby stribbe troch de 214,5 m lange, 17.274 brutoton RMS Oceanic út 1899, en wat har brutotonaazje fan 18.915 oangiet alinne troch de 207,53 m, 21.035 brutoton RMS Celtic út 1901.

Brunel neamde it skip "Great Babe". Hy stoar yn 1859, koart nei har earste feart, wêrby't sy swier skansearre rekke troch in ekplodearjende tsjettel. Nei de reparaasje tsjinne sy ferskate jierren as passazjiersskip tusken Brittanje en Amearika en waard doe omboud as kabellizzer foar it oanlizzen fan de earste transatlantyske telegraafkabel yn 1866. Letter wie sy in driuwende music hall (foar it ferneamde warehûs Lewis's) yn Liverpool en yn 1889 gie se nei de sloper.

Brunel hie foar de Great Western Railway Co. al earder twa skippen boud, de Geat Western en de Great Britain,

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Great Eastern en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.