Sûpengrottenbrij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sûpengroattenbrij, ek wol sûpengrottenbrij, sûpengortenbrij en algemien sûpenbrij is in brijsoarte dat makke wurdt fan sûpe en pearelgrôt (skylde garst ). De grôt wurdt 12 oeren weakke en dêrnei in oere yn wetter sean. Op it lêst wurdt der sûpe by dien. Groatenbrij wie de earste brij yn Nederlân dat troch it molkfabryk levere waard. Yn on molkbus mei it opskrift 'karnemelkse pap'. Oant de yn de jierren sechtich waard it troch molkboeren út de molkbus wei ferkocht. Dêrnei wie it yn literflessen te keap en tsjintwurdich yn plestyk ferpakking.

De brij wurdt optsjinne mei gewoane sûker, brune sûker of sjerp. It kin waarm, mar ek kâld iten wurde. It waard eartiids ek wol iten mei molke of mei prommen.m

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Yn Fryslân is it ferske "Hup, sûpengrottenbrij!" bekend fan de polka Skotske Trije:
Hup, sûpengrottenbrij en ik sil dy wol krije!
Hup, sûpengrottenbrij en krije sil ik dy! ...ensfh.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [http://www.youtube.com/watch?v=rIA7jqPEx_s Mick&Sugar op YouTube
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels