Sânsleat (Terherne)

Ut Wikipedy

De Sânsleat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint troch Terherne en komt út yn de jachthaven oan de Terhernster Mar. De eardere beweechbere brêge oer de Sânsleat is yn de sechtiger jierren in fêste brêge wurden. De nij groeven feart mei beweechbere brêge bûten Terherne by it Oksewiel, oan de kant fan Akkrum, wurdt ek wol de Nije Sânsleat neamd.

De namme Sânsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zandsloot.