Ruth van Royen

Ut Wikipedy

Ruth van Royen (1959) is in byldzjend keunstner út Warffum.

Se krige har oplieding oan de Akademy foar Bylzjende Keunsten yn Grins fan 1983 - 1988. Hja krige ûnder oaren les fan Matthijs Röling en Diederik Kraaijpoel.

Underwerpen bine benammen stillibbens en selsportretten. As bern wie se fassinearre troch lytse foarwerpen. Dy waarden letter faak ûnderwerp fan har stillibbens. Nei in perioade fan wurkjen yn wasco, filtstift en potlead gie se oer op oaljeferve. Troch oandwaning en fernuvering stribbe se hieltiten mear nei de ienfâld. Dy ienfâld sit ek yn it lytse it nederige en it fergonklike.

Wurk fan Ruth van Royen sit in kolleksjes fan particuliere sammelders yn binnen- en bûtenlân.

Eksposysjes fan har wienen ûnder oare te sjen yn Galerie Wiek XX, ( Nieuweschans ) en galery Mokum ( Amsterdam ) en galery Zofier yn Nijskoat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer Ruth van Royen
  • Met een knipoog naar de werkelijkheid, galery Wiek XX 1977-1997, 1997;
  • Mokum 40, Realistisch Bekeken, galery Mokum, Amsterdam, 2002;
  • De figuratie als geschenk, De collectie Wiek XX yn it Drintsk Museum, 2004