Rudolf Eickemeyer jr.

Ut Wikipedy
Rudolf Eickemeyer om 1904 hinne

Rudolf Eickemeyer junior (Yonkers, 1862 – dêre, 1932) wie in Amerikaansk fotograaf. Hy wie aktyf fan ein 19e iuw oant de iere 20er jierren; wurdt wol rekkene ta de steaming fan it pikturalisme.

Hy wie ien fan de earste Amerikanen (mei Alfred Stieglitz) dy't talitten waard by de Britske Linked Ring. Mei syn fotos hat er tsientallen prizen op útstallings oaral yn de wrâld wûn. Hy waard ferneamd mei syn portretten fan high-society froulju, benammen dy fan sjongster en model Evelyn Nesbit. Eickemeyer's ferneamdste fots sitte yn de kolleksjes fan it Smithsonian Institution.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In and Out of the Nursery (1900) (skreaun troch Eva Rowland, yllustrearre troch Eickemeyer)
  • Down South (1900)
  • The Old Farm (1901)
  • Winter (1903)
  • Nature and Culture (1904) (skreaun troch Hamilton Wright Mabie, yllustraasjes Eickemeyer)
  • In the Open (1911) (skreaun troch Stanton Davis Kirkham, yllustraasjes Eickemeyer)

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evelyn Nesbit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nesbit, Evelyn, Prodigal Days: the Untold Story, J. Messner, Inc., 1934
  • The Photography of Rudolf Eickemeyer, Jr., Hudson River Museum Exhibition Catalogue, 1972

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]