Alfred Stieglitz
Alfred Stieglitz (Hoboken, New Jersey, 1 jannewaris 1864 – 13 july 1946) wie in Amerikaanske fotograaf en pleiter foar de moderne keunst. Stieglitz ie ek bekend fan de keunstgalerieën dy't er begjin 20e ieu yn New York City hie; hy yntrodusearre in protte Europeeskse avant-garde keunstners yn Amearika. Hy wie troud mei de skilderesse Georgia O'Keeffe.
Yn syn lange karriêre makke Stieglitz goed 2500 ûntwikkele foto's. Nei syn ferstjerren makke syn frou (O’Keefe) in oersjochsamling fan de bêste en meast komplete foto's, meast fot's dy't hja sels as de bêste beskôge fan wat har man makke hie. Yn guon gefallen brûkte sy ferskillende ferzjes fan deselde foto.
Dizze fotsearjes binne fan tige grutte wearde omdat se in byld jouwe fan Stieglitz' ynsjoch yn estetyske komposysjes. Se keas allinne de troch Stieglitz sels ûntwikkele foto's, omdat hy fûn dat in wurk net ôf wie at dy stap net trochmakke wie. Yn 1949 joech sy it earste part, dy't hja de "key set" neamde, fan 1317 foto's oan de National Gallery of Art yn Washington D.C.. Yn 1980 heakke sy dêr nochris 325 foto's oan ta; it wiene meast foto's fan harsels, dêr't in soad neaken ûnder wiene. Dat totaal wienen it 1642 foto's. It is meast grutte en folsleine samling fan Stieglitz syn wurk yn de wrâld. Yn 2002 publisearre de Nasjonale Gallery in katalogus fan 1012 siden yn twa bannen, de folsleine set, mei sekuere beskriuwingen fan de foto's.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Gallery
[bewurkje seksje] Literatuer
- William Innes Homer: Alfred Stieglitz and the American Avant-Garde. Secker & Warburg, 1977, ISBN 0-436-20082-1.
- William Innes Homer: Alfred Stieglitz and the Photo-Secession. Little, Brown and Company, Boston 1983, ISBN 0-8212-1525-6.
- Robert Doty: Photo-Secession: Stieglitz and the Fine-Art Movement in Photography. Dover Publications Inc., 1978, ISBN 0-486-23588-2.
- Alfred Stieglitz. Könemann, Keulen 2002, ISBN 3-89508-607-X.
- R. Scott Harnsberger: Four artists of the Stieglitz Circle: A sourcebook on Arthur Dove, Marsden Hartley, John Marin, and Max Weber. Greenwood Press, 2002, ISBN 0-313-31488-8.
- Sarah Greenough: Modern art and America: Alfred Stieglitz and his New York galleries. National Gallery of Art (werprint) by Little, Brown and Company, 2001, ISBN 0-8212-2728-9.
- Sarah Greenough: The Alfred Stieglitz Collection of Photographs at the National Gallery of Art, Washington, Volume I & II; Harry N Abrams, 2002, ISBN 0-89468-290-3.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- George Eastman House: Alfred Stieglitz Kolleksje
- PBS webside oer Stieglitz
- Circle’s Edge, in projekt om manuskripten oer Stieglitz, Georgia O’Keeffe en Paul Strand te indeksearjen.
- de keunst fan Fotografy: Kaaifguren
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alfred Stieglitz fan Wikimedia Commons. |