Pikturalisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Speed, fan Robert Demachy (1904). Publisearre yn Camera Work, No 7, 1904

Picturialisme is ien fan de ierste streamingen yn de fotografy. De streaming ûntstie om 1885 hinne, nei it op grutte skaal yntrodusearjen fan fan it fotografyproses mei droege platen. De streaming berikte syn hichtepunt yn de earste jierren fan de 20e ieu, mar rekke nei 1914 yn it delgean mei de komst fan it modernisme. De term “pikturalisme” en “pikturalist” ûnstiene om 1900 hinne.

Pikturalisme wie de earste streaming dy't fotografy as keunstfoarm beskôge. De streaming ûntstie út it besykjen om keunstfotografy in lykweardich plak te jaan neist skilderkeunst en etsen fan dy tiid. Pikturalisten woenen foaral it ljochtgebrûk, mar ek oare kenmerken, fan skilderijen oerbringe yn har foto's. Foto’s út dy tiid wienen fansels swart-wyt of sepia en waarden mei opsetsin dizich of ûnskerp makke. Om dit effekt te berikken waarden ûnder oaren softfokus-technyk, spesjale filters en spesjale linzen brûkt. Teffens waarden ek noch bewurkingen yn de tsjustere keamer tapast. Nei 1898 krige men fotopapier mei in rûch oerflak ta syn foldwaan, ek in helpmiddel om winske pikturalistyske effekten te berikken. De Encyclopedia Britannica út 1911 omskreau dit as “it berikken fan persoanlike artistike ympresje”.

Pikturalisme wie neffens de Encyclopedia Britannica fan 1911 oarspronklik in Britske streaming, mar krige al rillegau foet oan de grûn yn Amearika. Om 1900 wienen de Britske Brotherhood of the Linked Ring en Amerikaanske De New American School bewegingen dy't har rjochten op pikturalisme. In bekende publikaasje dy't it pikturalisme foarstie en propagearre wie "Camera Work" fan Alfred Stieglitz, dat fan 1903 oant 1917 ferskynde. Elts diel befette 12 foto’s.

Om 1910 giene hieltiten mear fotografen har op oare streamings rjochtsjen. In groep Amerikaanske fotografen fersmiet it pikturalisme folslein en foarme Group f/64, dy't him rjochte op ûnbewurke fotografy. De opkomst fan it modernisme die hjir sines ta.[1]

Wichtige keunstners fan it pikturalisme[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Franz-Xaver Schlegel: Pictorialism. Yn: Encyclopedia of Twentieth-Century Photography. New York 2006, Band 3, S. 1262-1266.
  • Franz-Xaver Schlegel: Das Leben der toten Dinge - Studien zur modernen Sachfotografie in den USA 1914-1935. 2 Bände, Art in Life, Stuttgart 1999, ISBN 300-004-407-8.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Adato, Perry Miller (director) American Masters - Alfred Stieglitz: The Eloquent Eye (2001)