Ronald Oosting

Ut Wikipedy

Ronald Oosting (Ljouwert, 1961) is in autodidaktyske keunstner en molekulêr neurobiolooch. Hy hat him letter nei wenjen set yn Soest en Frjentsjer.

Oosting wurket in soad yn hout, en dan leafst iperenhout, bûkehout, walnutehout en it swarte hout fan it tûzenen jier âlde moeriik. Troch fan fûne stikken hout út de bosk de ferrotte stikken ôf te heljen ûntstiet foar him in foarm om mei fierder te gean. Troch de ynwurking fan skimmels binne op it hout kleurferskillen ûntstien dy't de krêft fan de foarm fersterkje moatte. It ûnderwerp is hast altyd it froulik lichem.

Ronald Oosting is in broer fan Simon Oosting.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]