Rjûkjûpappegaaido

Ut Wikipedy
Rjûkjûpappegaaido

mantsje.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron permagnus
Stejneger, 1887
IUCN-status: net-bedrige

De Rjûkjûpappegaaido (Treron permagnus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rjûkjûpappegaaido is in grutte, 33 oant 35 sm lange do, dy't krêftich boud is. De do liket in soad op 'e Formosapappegaaido, mar it mantsje hat in griene krún (oranje by de Formosapappegaaido), in blekere readbrune skouderflek en in langere sturt.

Gedrach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rjûkjûpappegaaido komt foar yn subtropyske, grienbliuwende bosken, yn beammen om lânbougrûn en sels yn tunen yn stêden. Hy siket heech yn 'e beammen fral nei fruit. Rjûkjûpappegaaien sette healwei febrewaris it territoarium ôf en begjinne yn april mei it brieden. De dowesoarte is fral in stânfûgel, mar winterdeis wurde se ek wol bûten it tradisjonele ferspriedingsgebiet oantroffen.

Fersprieding en systematyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is endemysk op 'e Rjûkjû-eilannen yn it suden fan Japan en te ferdielen yn twa ûndersoarten:

  • T. p. permagnus: de noardlike Rjûkjû-eilannen oant Okinawa.
  • T. p. medioximus: de súdlike Riûkjû-eilannen oant Yonaguni.

Tradisjoneel waard de fûgel ûnder de Formosapappegaaido rekkene, mar sûnt 2014 ûnderskiede BirdLife International en IUCN de fûgel as in aparte soarte. Sûnt 2021 docht ek it foaroprinnende IOC dat.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Neffens de ynskatting wurdt de populaasje net oan in substansjele driging bleatsteld. Dêrom wurdt de Rjûkjûpappegaaido as net-bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: