Ricotta

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ricotta

Ricotta is in sniewite sêfte en frisse Italjaanske tsiis fan kowe- of skiepmolke mei in mylde, swiete smaak en in leech sâlt- en fetgehalte.

Ricotta betsjut ‘opnij sean’. De namme ferwiist nei de wize fan meitsjen: it wurdt makke fan de waai dy't oerbliuwt nei't it skieden is fan de brokken.

Dat, útsoarte is ricotta gjin tsiis, mar in byprodukt dêrfan. De waai wie lang in probleem om't men net wist wat men der fierders mei moast. Doe waard ûntdutsen dat troch it hjit meitsjen de kaseïnedieltsjes klûnteren en sa nije brokken foarmen. Troch dy brokken útlekje te litten, krijt men ricotta. Ricotta wurdt ferkocht as in farske, wite tsiis mei een kerrelige tekstuer, meast yn plestik potsjes.

Ricotta wurdt yn Itaalje ek in protte yn pasta's brûkt.